Wapen fan De Trieme

It wapen fan De Trieme is it wapen fan it doarp De Trieme, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

Wapen fan De Trieme

De blazoenearring fan it wapen is:

Fan goud, beladen mei in griene beam op in gêsgrûn fan itselde, mei in blau kantiele skyldkop, beladen mei twa sulveren leeljes.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), azuer (blau) en sulver.

  • Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Skyldkop: de kantealen stie foar de stins dy bewenne waard troch de famylje Buma. Ut it wapen fan dizze famylje binne de blauwe kleur en de leelje oernommen.
  • Beam: ferwiist nei ikelbeam dy in soad foarkomt yn de omkriten fan it doarp.