Flagge fan Eanjum
De flagge fan Eanjum is de flagge fan it doarp Eanjum, yn Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Flucht skean ferdield; oan de broekside wyt, mei dêr op de stoezebollen-mei-lint fan it wapen; oan de fluchtside acht like hege banen fan wyt en blau.
De kleuren komme út it wapen fan Eanjum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan East-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Stoezebollen: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Holdinga, dy't de pleatslike Holdingastate bewenne.
- Blauwe en sulvuren banen: oernommen út it wapen fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg dy't besibbe rekke oan de Holdinga's.
-
Wapen fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg