Flagge fan Hegebeintum
De flagge fan Hegebeintum is de flagge fan it doarp Hegebeintum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 2018 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei in grien trapezium, útgeande fan de broekside, de lytse basis op 1/3 flaggelingte, mei in hichte fan 1/2 flaggehichte; dêrop oanslutend in reade baan mei in lingte fan 1/3 flaggelingte, útrinnend fan 2/3 flaggelingte yn in punt oan it midden fan de flagge; oer it grien en read in geande giele liuw.
De kleuren komme út it wapen fan Hegebeintum.
Symbolyk
bewurkje seksje- Trapezium: jout de terp dêr't de tsjerke op stiet oan, de heechste terp fan Nederlân.
- Reade baan mei punt: ferienfâldige werjefte fan de tsjerke fan Hegebeintum.
- Liuw: oernommen út it wapen fan de famylje De Skepper, eardere eigner fan Harstastate.