Langgrou is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Langgrou leit noardeastlik fan Easternijtsjerk, noardwestlik fan Ljussens en besuden Peazens-Moddergat. Langgrou leit yn de himrikken fan Easternijtsjerk, Peazens en Ljussens.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Langgrousterwei, de Sjoarda en de Grytsjewei. De kearn bestiet út 12 adressen oan de Langgrousterwei, 1 adres oan de Sjoarda en 3 adressen oan de Grytsjewei. De Grytsjewei 1 leit yn de himrik fan Ljussens en de Langgrousterwei 61 leit yn de himrik fan Peazens, alle oare adressen lizze yn de himrik fan Easternijtsjerk.

Westlik fan Langgrou rint De Peazens.

De namme komt ek foar as Langenau, Lange Grou en Lange Graw.

Gemeentelike weryndieling

bewurkje seksje

Sûnt 2019 leit Langgrou yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: