Wapen fan Holwert
It wapen fan Holwert is it wapen fan it doarp Holwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDer balzoenearring fan it wapen is:
Yn goud in merkuriusstêf fan kiel; yn in skyldholle fan azuer in omwarrende wassener fan sulver, pleatse yn de rjochterboppehoeke.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
bewurkje seksje- Kleurstelling en skyldholle: ferwiist nei de lokaasje fan it doarp oan de kust. It goud stiet foar it lân en it blau stiet foar de see.
- Caduceus: stiet foar de status fan it doarp as hannelsplak. Al yn 1348 waard Holwert troch Eastergoa oanmerke as plak foar de hannel mei Hollân.
- Wassener: oernommen út it wapen fan It Amelân as ferwizing nei de feartsjinst Holwert-It Amelân.
-
It wapen fan It Amelân.