Wapen fan Ferwert

It wapen fan Ferwert is it wapen fan it doarp Ferwert, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 2018 registrearre.

Wapen fan Ferwert

De blazoenearring fan it wapen is:

Ferdielt fan blau en read mei oer alles hinne in út de skyldfoet oprizende gouden terp, beladen mei in read, ferkoarte brekterich krúske; it blau en read elk mei in sulveren ierappelblossem mei in gouden hert; yn de skyldkop oer alles hinne in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), kiel (read), goud, sulver.

  • Trijedieling fan it wapen: jout op de trije buorren fan it doarp: Hege Buorren, Lytse Buorren en Nije Buorren.
  • Terp: stiet foar de terp wêr it doarp op lein is.
  • Krús: symboal foar sawol it kleaster Foswert by it doarp as de midsiuwske Sint-Martinustsjerke fan Ferwert.
  • Read fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Kamminga dat yn it doarp in stins bewenne.
  • Blauwe fjild: oernommen út de wapens fan de famyljes Fan Burmania en Herjuwsma.
  • Kroan: stiet symboal foar de aadlike famyljes dy't yn it doarp wenne hawwe. Ek byldt it út dat Ferwert it haadplak wie fan de gemeente Ferwerderadiel.
  • Ierappelblommen: symboal foar de fruchtbere klaaigrûn.