Sint-Martinustsjerke (Ferwert)

De Sint-Martinustsjerke is in tsjerke yn Ferwert. Jierren wie it de 'herfoarme tsjerke' fan Ferwert, mar tsjintwurdich hat de tsjerke de âlde namme werom en is de tsjerke ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Ferwert.

Sint-Martinustsjerke
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Ferwert
adres Tsjerkepaad
koördinaten 53° 20' N 5° 49' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 15e iuw
boustyl Lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15581
Webside
PKN-gemeente Ferwert
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Fryslân)
Sint-Martinustsjerke

De Ferwerter Martinustsjerke waard al foar it jier 1000 stifte en is dêrmei ien fan de âldste tsjerken fan Fryslân. Mooglik wie de apostel Liudger de stifter fan de tsjerke, dy't yn de 8e iuw yn de krite wie. Oarspronklik wie de oan Martinus fan Tours in saneamde eigentsjerke, dat betsjut dat de biskop fan Utert eigner fan de tsjerke wie. De oarspronklike tsjerke hat in dowestiennen tsjerke west, dy't mooglik pas ôfbrutsen waard doe't oan it begjin fan de 16e iuw de hjoeddeiske tsjerke de âldere ferfong.

Oan de súdmuorre is in sinnewizer, dy muorre hat ek hege goatyske spitsbôgefinsters, wylst de noardmuorre sletten is en noch foar in part dowestien hat.

 
Ynterieur

Yn de jierren 1926/1927 en 1934/1935 waard de tsjerke restaurearre neffens plannen fan Hendrik Hendriks Kramer. De tsjerke is in ryksmonumint.

It ynterieur wurdt oerdutsen troch in tonferwulft. Oan de eastlike kant is in houten tochtportaal út 1792 mei fykwurk fan D. Emderveld. De preekstoel is 17e-iuwsk, it doopstek 18e-iuwsk. Fierder hat de tsjerke in pear 18e-iuwske hearebanken. Yn de tsjerke binne 17e en 18e-iuwske sarken. Fierder hinget yn de tsjerke in koperen kroan út de 16e iuw, dy't yn 1682 oan de Ferwerter tsjerke skonken waard.

Under it koar sit in grêfkelder, dêr't Gemme fan Burmania op 5 desimber 1602 begroeven waard.

Yn de toer hingje trije klokken, dy't alletrije datearje fan foar de reformaasje. De lytse klok waard yn 1426 getten en is 545 kg. swier. De middelste klok is 830 kg. en waard yn 1383 troch de muonts Seghebodus getten. De grutste klok waard yn 1457 getten troch Henricus Kokenbaker en is 1646 kg. Op de grutste klok steane in grut tal hilligen ôfbylde. De klokken waarden yn de Twadde Wrâldkriich alletrije foardere, mar gjin fan de klokken ferdwûn nei it Hamburger klokketsjerkhôf en nei de oarloch kamen de klokken allegear werom.[1]

 
Oargel

De tsjerke hat al sûnt 1640 in oargel, dat nei alle gedachten troch Antonie Verbeeck of Willem Meinderts boud waard. Dat oargel waard yn 1704 ferkocht oan Jirnsum en ferfongen troch in nij ynstrumint fan Arp Schnitger. It Schnitger-oargel bleau oant it tredde fearn fan de 19e iuw wakker gelyk, doe't it oan ein wie en ferfongen waard troch in oargel fan de bruorren Adema, dy't by de bou ek wer ûnderdielen fan it âlde oargel op 'e nij brûkte.

Ek Van Dam en Spanjaard brochten letter feroarings oan it oargel oan. It wie Spanjaard dy't yn 1939 de doetiidske oargelkas ferfong troch de tsjintwurdige oargelkas út de ôfbrutsen Sint-Dominikustsjerke yn de Spylmanstrjitte, Ljouwert, in oargelkas dy't ek troch Adema boud wie wêrby't it front fan it ûnderposityf in tapassing krige as rêchwurk.

Oan it begjin fan de jierren 1980 krige de firma Verschueren út Heythuysen de opdracht in nij ynstrumint te bouwen. De âlde Adema-oargelkas, it noch oerbleaune Schnitger-piipwurk en it ûntwerp fan in oargel mei rêchwurk en trije manualen moasten dêrby hanthavene wurde. Ek de measte registers fan Adema en ek twa registers fan Schnitger binne by de nijbou bewarre bleaun.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karstkarel, Peter Alle middeleeuwse kerken: Van Harlingen tot Wilhelmshaven (2007) Ljouwert/Grins, Utjouwerij Noordboek, ISBN 978 9033005589
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4