Klokketsjerkhôf
In klokketsjerkhôf is in sammelplak fan ynfoardere tsjerkeklokken (en oare liedklokken) yn de Earste en Twadde Wrâldoarloch yn op syn minst Dútslân, België en Nederlân (allinnich Twadde Wrâldoarloch). Dêr wachten de klokken om omraand te wurden foar de wapenyndustry.
Skiednis yn Dútslân
bewurkje seksjeTsjerkeklokken wiene fanwegen it brûns wichtich materiaal foar it fieren fan oarloch en waarden yn de beide wrâldoarloggen yn Dútslân massaal ûnder twang ynfoardere. Yn de Earste Wrâldoarloch waarden de klokken dêr willekeurich út de tsjerketuorren helle en op de klokketsjerkhôven ynsammele.
Yn de Twadde Wrâldoarloch klassifisearre it Dútske nasjonaalsosjalistyske regear klokken yn de typen A, B, C en D. De typen C en D foelen ûnder klokken fan histoaryske wearde, wylst de typen A en B fuortendaliks ôfjûn wurde moasten. It klokketype C wie twivelich en bleau yn in soarte fan wachtposysje. It klokketype D wie beskerme. Der waarden lykwols ek tal fan histoarysk weardefolle klokken fan it type D út tsjerketuorren helle troch fanatike Dútske boargemasters dy 't noch hieltyd leauden yn in einoerwinning (Endsieg).
Nei de ein fan de oarloch waarden klokken dy 't noch net omraand wiene weromjûn. Dat wie lykwols in drege saak en net altyd mooglik fanwegen de breklike ferantwurding. Skattingen geane derfan út dat yn de Earste Wrâldoarloch sa'n 65.000 klokken omsmolten waard, yn de Twadde Wrâldoarloch om 45.000 hinne út Dútslân en út de besette gebieten nochris 35.000.
Klokketsjerkhôf yn Hamburg-Veddel
bewurkje seksjeIt klokketsjerkhôf yn Hamburg-Veddel wie in grut terrein yn de buert fan de Hamburger haven, dat tsjinne foar de tydlike opslach fan tsjerkeklokken út it hiele Dútske Ryk en de besette gebieten. Tusken 1939 en 1945 waarden withoefolle, foar in part ek ferneamde klokken en brûnzen monuminten omraand en giene dêrmei foar ivich ferlern. Yn totaal waarden der sa'n 90.000 klokken nei Hamburch fersleept, dêr't der sa 'n 75.000 fan omraand waarden. Der wurdt rûsd dat der oan de ein fan de oarloch tusken de 10.000 en 16.000 klokken oan de smeltûnen ûntkommen wêze soene. Nei wiidweidich en soms jierrenlang duorjend identifikaasjewurk kearden de measte klokken wer werom nei it plak fan komôf. De tsjerkeklokken út de foar Dútslân ferlearn giene Eastgebieten waarden yn it begjin fan de jierren 50 ferdield ûnder de tsjerken fan West-Dútslân. Sa binne der yn West-Dútske tsjerken sa'n 120 klokken út it eardere East-Prusen.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- (ned) De klokkenroof in Nederland op de website van het NIOD
- (dú) W. Finke: Die Tragödie der deutschen Kirchenglocken. Yn: Schlesische Bergwacht, SB57/N32/S570.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klokkenkerkhof Hamburg fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|