Flagge fan Jouswier
De flagge fan Jouswier is de flagge fan it doarp Jouswier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is: Flechtskean dield fan wyt en grien; yn it wyt in reade steande kaai mei de bek nei boppen en nei de flechtside takeard.
De kleuren komme út it wapen fan Jouswier.
Symbolyk
bewurkje seksje- Kaai: de kaai is in symboal foar Petrus, patroanhillige fan de Petrustsjerke fan Jouswier.
- Kleurstelling: oernommen oan sawol it wapen fan it Prinsbisdom Utert as oan it wapen fan Eastergoa.
- Griene flak: ferwiist nei de mei gers begroeide terp.