Natuermuseum It Amelân

Natuermuseum It Amelân is in museum dat oprjochte waard yn 1972 yn Hallum, mar sit sûnt maart 1989 oan de Strânwei yn Nes op It Amelân.

Utsjochtoer fan Natuersintrum It Amelân

Yn it museum stiet de natuer fan de Noardsee en de Waadsee sintraal. Net allinnich de floara en fauna, mar ek it lânskip. Sintraal yn it museum leit it seeakwarium fan hûnderttûzen liter mei fisken en skulpdieren. Yn 2008 waarden plannen makke om it museum nei in ûndergrûnse lokaasje yn it Kaapsdún te ferhúzjen, de heechste dún fan It Amelân. Dizze nijbou wurdt iepene op 25 juny 2009 en giet dan Kennis en Ynnovaasjesintrum hjitten. It ‘opdwaan fan kennis’ wurdt kombinearre mei ‘ûnderfine en ûndergean’. In ûnderdeel fan it sintrum sil ynrjochte wurde mei ynformaasje oer Duorsum Amelân. Dit nije gebou is ûntwurpen troch Gunnar Daan en bestiet út in fjouwertal hast sletten rûne donjons fan ferskillende grutte dy't mei glêzen wanden mei elkoar ferbûn binne. De sawat 3o meter hege útsjochtoer krijt op 25 meter hichte in platfoarm. Binnenyn wurdt omtinken jûn oan tema's as de Waadsee, it ekosysteem, it grutte see-akwarium en de natoer middels ynteraktive animaasjes.

Der is omtinken foar de Potfisk en dy't op it strân oanspield binne en der is in replika fan in Blauwe Finfisk. It lânskip en de ekologyske ûntwikkeling wurde yn byld brocht yn in tunnel. Hjiryn binne bonken fan mammoeten, bearen en edelherten út de iistiid te sjen. Troch in simmerpaniel en animaasjes wurdt yngien op it belang fan de Noardsee as enerzjyleveransier.

Yn it sintrum wurdt ynformaasje jûn mar dêr bûten is ek gelegenheid om oan de gong te gean. Der binne bûten puzelrûtes ek fytsekskurzjes, speurtochten, wanneltochten en rûnliedings.

It Natuersintrum organisearret in ferskaat oan natueraktiviteiten. Sa wurde der ûnder oare Waadekskurzjes, bosk- en dúnekskurzjes en natuerpraktikums organisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: