Partij voor het Noorden
De Partij voor het Noorden is in regionale politike partij dy't warber is foar de belangen fan de provinsjes Grinslân, Fryslân en Drinte. De PvhN stribbet nei in eigen parlemint foar de trije noardlike provinsjes yn Nederlân. Boppedat wol de partij dat 25% fan it ierdgasjild ornearre wurdt foar Noard-Nederlân.
Fertsjinwurdiging
bewurkje seksjeSûnt 11 maart 2003 is de Partij voor het Noorden mei twa sitten yn de Provinsjale Steaten fan Grinslân en sûnt 6 maart 2006 hat de partij ien sit yn de gemeenterie fan Delfsyl.
By de Provinsjale Steateferkiezings fan 7 maart 2007 bleau de Partij likesterk en helle krekt as fjouwer jier dêfoar 3,6% fan de stimmen. De partij krige mar ien sit yn 'e Provinsjale Steaten ynstee fan 2, dat hie te krijen mei it minder tal sitten yn de Steaten fan Grinslân. Yn Fryslân en Drinte, dêr't de partij yn 2007 foar it earst meidie, koenen hja gjin sit besette.
De Partij voor het Noorden is yn 'e Earste Keamer oansletten by de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF). De OSF hat ien sit yn de Earste Keamer, dêr't Henk ten Hoeve út Stiens sit.
Jeropeesk Parlemint
bewurkje seksjeYn 2004 die de partij mei oan de ferkiezings foar it Jeropeesk Parlemint. De partij helle 18.234 stimmen (0,4% fan de stimmen), net genôch foar in sit. Yn it noarden fan Nederlân wie dat 4-5% fan de stimmen.
Gemeenterie
bewurkje seksjeYn maart 2006 die de Partij voor het Noorden foar de earste kear yn trije gemeentes mei oan de gemeenteriedsferkiezings, yn Grins, Delfsyl en Emmen. Yn Delfsyl is it slagge om ien sit te besetten.