Fryske Ballonfeesten

De Fryske Ballonfeesten (Nederlânsk en offisjeel: Friese Ballonfeesten) foarmje in jierliks weromkearend evenemint op it mêd fan ballonfeart, dat holden wurdt yn it Fryske plak De Jouwer. It barren fynt plak op en fanôf de Nutsbaan op De Jouwer. By it meardeiske evenemint stiigje deis likernôch 35 hjitteloftballonnen op en wurde der ferskate njonkenaktiviteiten organisearre.

Fryske Ballonfeesten
Friese Ballonfeesten
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak De Jouwer
holden yn Nutsbaan
tiid fan it jier 2e helte july
bysûnderheden
soarte evenemint ballonfeartevenemint
bestean 1986 – no
org. troch St. Fryske Ballonfeesten
   De Jouwer
offisjele webside
www.ballonfeesten.nl

De Fryske Ballonfeesten waarden yn 1986 foar it earst holden. Nei in geweldich súkses, dat earste jiers, moast it evenemint wol werhelle wurde. Yn 2005 wie it 20-jierrich jubileum, dat grut fierd waard. Sa giene unike ballonnen út ferskate lannen omheech, lykas ien út Dútslân yn de foarm fan in lokomotyf, en ien út de Feriene Steaten dy't de foarm fan in draak hie. It 25-jierrich jubileum fûn yn 2010 plak. Yn 2018 kamen op 'e 33e edysje fan de Fryske Ballonfeesten sa'n 17.500 besikers ôf.

Oan it evenemint tanket De Jouwer de bynamme Balloon City. De Fryske Balonfeesten binne ien fan Nederlâns grutste ballonfearteveneminten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: