Fleanfjild Drachten

Fleanfjild Drachten (ICAO: EHDR) is in fleanfjild oan de noardrâne fan Drachten, yn de gemeente Smellingerlân. It waard yn 1962 oanlein as airstrip foar de Philipsfestiging yn Drachten en wurdt op 't stuit eksploattearre troch de Stifting Fleanfjild Drachten, dy't it fleanfjild yn brûklien hat fan de gemeente Smellingerlân.

Fleanfjild Drachten
Fleanfjild Drachten (2010)
Fleanfjild Drachten (2010)
IATA: ICAO: EHDR
Algemien
Oprjochte 1962
Type iepenbier
Eigener gemeente Smellingerlân
Lokaasje Drachten
Hichte 4,27 meter boppe NAP
53° 7' 5" NB, 6° 7' 42" EL
Webside www.ehdr.aero
Startbanen
   Baan      Lingte   Materiaal
8/26 954 m asfalt/beton
Kaart
Fleanfjild Drachten (Fryslân)
Fleanfjild Drachten
Fleanfjild Drachten

It fleanfjild is thúshaven fan de Ultralight fleanferiening Fryslân en it plak dêr't dragraces holden wurde. Ek wurde dêr sa no en dan offisjele autoraces holden om de yllegale strjitraces foar te kommen

Baan bewurkje seksje

Fleanfjild Drachten hat ien start- en lâningsbaan: baan 08-26 mei in lingte fan 954 meter (ferhurde).

Keppelings om utens bewurkje seksje