Trijetalige Skoalle
Fan 2000 ôf diene sân skoallen yn Fryslân acht jier lang mei oan it projekt Trijetalige Skoalle. De resultaten wienen sa goed dat de projektskoallen graach fierder woenen mei trijetalich ûnderwiis. It opfallende is dat de resultaten fan it Nederlânsk like goed binne as it lânlik gemiddelde. Dat betsjut dat it ekstra omtinken foar it Frysk net betsjut dat it Frysk skea docht oan it Nederlânsk of it Ingelsk. In trochsneed skoare is foar in Fryske skoalle goed te neamen. Fryske skoallen skoare oer it algemien ûnder it gemiddelde en dan benammen op it mêd fan lêzen en begripend lêzen. Dat trijetalige skoallen hawwe dat probleem net mear.
Trijetalich ûnderwiis soarget derfoar dat bern liniger binne mei taal. Se gean makliker oer op in oare taal en binne ek net sa skruten om dat hearre te litten. It Ingelsk, wat ekstra omtinken kriget op in trijetallige skoalle, wurdt makliker praat troch de bern. Dit is in grut foardiel foar de bern at se nei it fuortset ûnderwiis geane. Al mei al kin sein wurde dat it projekt sa goed slagge is, dat de provinsje fan betinken is dat it projekt fuortset wurde moat.
It nije netwurk 3TS
bewurkje seksjeTroch de goede resultaten woenen de sân skoallen dy’t begûn binne mei it projekt trochgean. Dêrom is der in netwurk fan Trijetalige skoallen oprjochte mei de namme 3TS. De foardielen fan it netwurk binne dat skoallen fergees begelieding krije fan it Taalsintrim Frysk/ Cedin. De begelieding wurdt betelle troch de provinsje. Faak binne de minsken fan it Taalsintrum hiel kundich en komme hja mei allegear goede ideeën. Dizze ideeën kinne dan brûkt wurde om de skoalle trijetalich te krijen mar faak hawwe se ek ideeën oer oare ûnderwiis dingen. De learkrêften en de bern kinne der tige fan profitearje. Trochdat it netwurk bestiet út ferskillende skoallen dy’t al jierren lang trijetallich binne kin der in soad fanelkoar leard wurde. It tsjil hoecht net alle kearen wer opnij útfûn te wurden. Troch it netwurk draaie skoallen mei it lanlike Ingelske ANGLIA-projekt mei. Dit betsjut dat materiaal en eksamens kant en klear út Ingelân komme. Dit materiaal kin ynset wurde op ferskillende nivo’s. Ingelsk is foar de measte learkrêften it grutste probleem en faak is Frysk skriuwen foar guon learkrêften ek muoilik. Dêrom wurdt der subsydzje jûn sadat learkrêften fergees in kursus folgje kinne. As de skoalle nei in pear jier trijetalich is dan krijt de skoalle in sertifikaat. Dan mei de skoalle in buordsje op de gefel pleatse. Faaks is dit in prachtich momint omdat de skoalle lang wurke hat om dat te berikken. Der wurdt dan faak in grut feest hâlden. Ek krijt de skoalle by de sertifisearring in bedrach fan € 2000. De publisiteit dy’t it jout kin foar de skoalle echt wichtich wêze. It betjut faak in nije ynstream fan learlingen.
Hoe trijetalich ûnderwiis yn de skoalle.
bewurkje seksjeBy trijetalich ûnderwiis spylje trije talen in wichtige rol yn de skoalle. Dit binne de talen Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Dizze trije talen wurde net allinnich as fak jûn mar ek brûkt om yn les te jaan. Dus skiednis kin yn it Frysk jûn wurde. Fan in trijetallige skoalle kin pas praat wurde as elke taal safolle oeren yn de wikke brûkt wurdt. Sa kinne Nederlânsk en Frysk brûkt wurde yn de ferhâlding 50/50, 60/40 of 70/30. Ferskillende ferhâldings yn de fiertaalferdieling binne mooglik; it hinget fan de kar fan de skoalle ôf. Foar in trijetalige skoalle is de minimumnoarm wyks: twa deidielen Frysk as fiertaal by oare fakken en/of aktiviteiten. Yn de boppebou komt it Ingelsk der by as fiertaal. Op in trijetalige skoalle moat it Ingelsk minimaal ien deidiel yn de boppebou as fiertaal brûkt wurde. It fangefolgen brûken fan de fiertalen is o sa belangryk. Yn de ûnderbou hawwe learkrêften faak in heale baan. Dan wurdt it sa regele dat de iene learkrêft Frysk mei de bern praat en de oare Nederlânsk. It liket allegear hiel muoilik mar de bern binne samar wend. Faaks hinget der in grutte flagge op it boerd om oan te jaan yn hokfoar taal der praten wurdt.
Hokker skoallen dogge mei (skoaljier 2006-2007)
bewurkje seksjeYn it projekt Trijetalige Skoalle, dat acht jier duorre hat, dienen de folgjende skoallen mei: De Brêge (It Heidenskip), Master Frankeskoalle (Earnewâld), Us Untwyk-Van Haersma Bumaskoalle (De Hommerts), It Harspit (Ternaard), De Tsjelke (Holwert), Ids Wiersmaskoalle (Brantgum) en de Otto Clantskoalle (Boksum). Dy skoallen geane no fierder yn it Netwurk.
De folgjende skoallen hawwe harren yn it skoaljier 2006-2007 oansluten by it Netwurk: It Holdersnêst (De Harkema), It Twaspan (Terkaple), Trije Doarpenskoalle (Reduzum) en de Krunenstrobbe (Jorwert).
Yn it skoaljier 2007-2008 is bekend wurden dat der oant no ta 17 skoallen meidogge oan it projekt.
Trijetalich ûnderwiis bûten Fryslân
bewurkje seksjeYn it bûtenlân is der ek ûnderfining mei de trijetalige skoalle. De wichtichste útkomsten binne dat bern maklik ferskillende talen leare as it mar dúdlik is hokfoar taal der praten wurdt. Dus hiel konsekwint wêze op wat foar dei hokker taal praat wurdt. Trijetalich ûnderwiis wurdt al jierren jûn op skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis yn ûnder oaren Spanje, Finlân en Sweden.