Cedin is in stifting dy ’t tsjinsten oanbiedt oan it ûnderwiis en soarch leveret foar bern en jongerein yn Noard-Nederlân. Cedin waard oprjochte yn 1979 en is fêstige yn Drachten. De namme is in gearfoeging fan de wurden 'Centrum' en 'Dienstverlening'. De stifting jout advys, begelieding en stipe oan skoallen en bern. It bedriuw advisearret skoallen by it ferbetterjen fan de ûnderwiiskwaliteit. Dêrneist begeliedet en behannelet de organisaasje bern en jongerein yn de jeugdhelp, dysleksysoarch en learlingesoarch. Cedin jout stipe by de opfieding en by learlingen dy ‘t ekstra soarch nedich hawwe. Dat kin lizze op it mêd fan ûndersteuning by passende didakdyk of it medysk hanneljen by sike bern yn it ûnderwiis.

Utjouwerij Eduforce is ûnderdiel fan Cedin en ûntwikkelt ûnderwiismaterialen foar it basisûnderwiis.

Histoarje bewurkje seksje

Cedin is fuortkomd út de skoalbegeleiding dy’t finansierd waard troch ryks- en gemeentlike oerheden. De tsjinstferliening bestiet noch altyd út it advisearjen en ûndersteunen fan skoalbestjoeren, direkteuren en learkrêften by it ûnderwiis.

Soarch foar yndividuele learlingen bewurkje seksje

Al yn de njoggentjinde iuw, doe ’t de ynfloed fan de ryksoerheid noch net sa grut wie, betellen in tal gemeentes al medyske en pedagogyske soarch foar bern. Nei de Twadde Wrâldoarloch ûntstiene op gemeentlik nivo de earste skoalpsychologyske tsjinsten, medysk-opfiedkundige buro’s en ynstellings foar skoalmaatskiplik wurk. De ûndersteuning foar it ûnderwiis wie meastentiids rjochte op de soarch foar yndividuele learlingen.

Begelieding fan skoallen bewurkje seksje

Nie 1954 kamen der pleatslike en regionale ynisjativen mei beneamings as skoalpedagogyske tsjinst, ûnderwiisadvyssintrum, skoaladvystsjinst, ûnderwiisbegeliedingstsjinst of skoalfersoargingstsjinst. De ûndersteuning waard mear rjochte op de ûnderwiisorganisaasje, dus op alle bern. Dat gie fan advisearring fan learkrêften, yntroduksje fan nije lesmetoades oant begelieding fan skoalteams. Oant 1975 waarden yn Nederlân sa ‘n 64 ûnderwiisbegeliedingstsjinsten oprjochte.

Mingde finansiering bewurkje seksje

Mei de ynfiering fan de Ryksregeling subsidiearring skoalbegelieding yn 1981 ûntstie foar it earst rjocht op betelling fan in diel fan de kosten troch it Ryk. De bydrage bestie út in fest bedrach per learling. It lanlike budzjet foar ûnderwiisbegelieding waard fia de gemeenten omsetten nei begeliedingsoeren op in skoalle. De regionale ûnderwiisbegeliedingstsjinsten makken mei de skoallen ôfspraken oer de útfiering fan dizze oeren. Elke skoalle hie in eigen ûnderwiisbegeliedingstsjinst en der wie in lanlik dekkend netwurk fan tsjinsten.

Fraachfinansiering skoalbegelieding bewurkje seksje

Mei de Wet fraachfinansiering skoalbegelieding krigen skoallen sûnt 2006 ien bedrach fan it Ryk. It jild foar ûnderwiisbegelieding gie sûnttiids streekrjocht nei de skoallen. Dêrmei waarden de ûnderwiisbegeliedingstsjinsten fan in subsidiearre organisaasje mei skoallen dy ’t ferplicht by harren ôfnimme moasten, ta in privaat advysburo far ûnderwiis en jeugdhelp.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: