Otto Clantskoalle

De Otto Clantskoalle (de offisjele namme is Frysktalich) wie de (iennichste) basisskoalle fan it Fryske doarp Boksum. It wie in algemien bysûndere skoalle op kristlike grûnslach, dy't yn 1892 oprjochte waard. De Otto Clantskoalle hearde ta de koepelorganisaasje Elan Underwiisgroep (dy't yn 2017 fuortkaam út 'e fúzje fan Underwiisgroep Fier en de Stifting Radius). De skoalle wie ferneamd nei Otto Clant, in Steatske soldaat dy't yn 1586 yn it doarp sneuvele yn 'e Slach by Boksum. Yn 1992 fierde de skoalle syn hûndertjierrich bestean, û.m. mei de publikaasje fan it jubileumboek Bestean en Bestean Bliuwe. Mids 2018 waard er lykwols opheft.

Otto Clantskoalle
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. skoalle
wurkmêd basisûnderwiis
fêstige yn Boksum (Fryslân)
oprjochte 1892
opdoekt 2018
offisjele webside
www.ottoclantskoalle.nl

Al sûnt de 1980-er jierren ferkearde de Otto Clantskoalle yn 'e gefaresône om't der eins te min learlingen wiene. Yn 2011 kaam de skoalle ta de koepelorganisaasje Underwiisgroep Fier te hearren, dy't yn 2015 de sluting oankundige foar mids 2016. Boksum reägearre mei in breed droegen aksje om nije learlingen foar de skoalle oan te lûken, en betocht teffens in plan om it pjutteboartersplak fan it doarpshûs nei de skoalle te ferpleatsen en sa in brede skoalle te kreëarjen foar bern fan twa oant tolve jier. Ek waard der gearwurking socht mei Kristlike Basisskoalle De Reinbôge yn Hilaard. Dêrtroch koe de driigjende sluting fan 'e Otto Clantskoalle doe tsjinkeard wurde.

Yn 2017-2018 wiene der lykwols noch mar 29 skoalbern, wêrfan't der oan 'e ein fan dat skoaljier fiif nei de middelbere skoalle giene, sûnder dat dêr nije oanwaaks yn 'e leechste groep foar yn 't plak kaam. Oan 'e ein fan it folgjende skoaljier soene wer trije bern de Otto Clantskoalle ferlitte, op 'e nij sûnder dat der nije learlingen by kamen. Om't minimale tal learlingen foar in basisskoalle yn 'e gemeente De Waadhoeke op 23 lei, waard besletten en hef de Otto Clantskoalle oan 'e ein fan it skoaljier 2017-2018 op. Fan 'e 23 oerbleaune learlingen yn it skoaljier 2018-2019 stapten der 20 oer nei Gearwurkingsskoalle Twaspan, yn it buordoarp Deinum, wylst de restearjende 4 nei de skoalle giene fan it oare buordoarp Weidum.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grosso, Maria del, Otto Clantskoalle strijdend ten onder, yn: de Ljouwerter Krante, 20 july 2018, s. 25.