Fryslân yn de Midsiuwen

Fryslân wie oant 734 in folslein ûnôfhinklik gebiet. Doe't de Saksenkening Widukind yn 804 belies joech, waard it lêste stik ûnôfhinklik Fryslân ek Frankysk. Nei de Frankyske oerhearsking komt Fryslân troch it Ferdrach fan Ferdun ûnder it Hillige Roomske Ryk. Fryslân hite tenei Greefskip Mid-Fryslân. Troch de moard op Hindrik de Fette begûn yn Fryslân de tiid fan de Fryske frijheid. It Opstalbeamferbûn wie foar mienskiplik rjocht en alliânsjes, ek de stêd Appingedam hat dêr syn stedsrjochten krigen. De Fryske frijheid einige yn 1498 foar de provinsje Fryslân en de Grinzer Ommelannen. Yn East-Fryslân ûntstie in prinsdom, dat bestie oant 1744.

Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

Fryske keningen

 
Utwreiding en delgong
  De Wikipedy hat ek in side Fryske Ryk.

Nei it Grutte Folkeferfarren kaam der yn 'e 6e iuw in Frysk Keningryk ta stân. De earste Fryske kening dy't mei wissichheid bestien hat is kening Aldgilles[1]. Aldgilles wie net fûl tsjin op it Kristendom en liet de Ingelske biskop fan York Wilfried frij preekjen yn Fryslân. Syn opfolger Redbad hie oare tinzen oer it heidenske Fryslân, mûglik troch syn konflikten mei de kristlike Franken. It hichtepunt fan kening Redbad en Fryslân wie de Slach by Keulen yn 716. Nei de dea fan Redbad yn 719 waard Poppo de nije kening. Hy hie net safolle súkses as Redbad. Yn 734 ferlear Poppo de Slach oan de Boarn. Alhoewol't Fryslân yn 734 ferslein waard, wie it Fryslân yn it hjoeddeiske Grinslân en East-Fryslân noch frij. Dy Friezen hienen har by Widukind oansletten yn de Saksenkriich. Earst yn 804 waard hiel Fryslân in part fan it Frankyske Ryk.

Fryske frijheid

  De Wikipedy hat ek in side Fryske frijheid.

Om 800 waarden de Friezen, dy't doe yn it Frankyske Ryk libben, frijsteld fan militêre tsjinst en ferdigenje de kusten tsjin de Wytsingen. Fan 841 oant 885 besette de Wytsingen Fryslân. Underwilens waard yn 843 it Frankyske Ryk by it ferdrach fan Ferdun ferdield. Fryslân hearde nei it ferdrach by it Hillige Roomske Ryk. De Friezen hienen net in feodale hear dy't se hearrich wêze moasten; suver demokratyske strukturen beskieden it deistich libben fan de Friezen. De Fryske haadlingen beskermen de Fryske frijheid tsjin elkenien dy't it der net mei lykfine koe. Dy haadlingen hoeden en noeden de kontakten mei de Keizer fan it Hillige Roomske Ryk dêr't Fryslân ek in part fan wie.

Upstalbeam

Yn 1156 kamen de Friezen foar de earste kear gear by de Upstalbeam. Yn de iuwen dêrnei bleau Fryslân taalkundich ien gebiet, de taal fan doe wie it Aldfrysk. Yn dy tiid waard der fan de sân frije Fryslannen praat, en skreaun! Neffens it Emsinger rjocht wie der ek in soarte fan militêr gearwurkingsferbân:

Dit binne de oerkêsten fan alle Friezen.

Foarst, dat hja ien kear yn it jier op de tiisdei yn de pinksterwike by de Upstalbeam gearkomme sille en dat hja dêr alle rjochten besprekke, dy’t de Friezen oanhâlde sille. As immen in better rjocht wit, moatte hja it minder goede opjaan en it bettere folgje.

De twadde kêst: as ien fan de sân seelannen troch de wapene ridders út it suden of troch de striders út it noarden ferwoastge wurdt, sille de seis it sânde helpe, sadat it like sterk bliuwe sil as elts oar seelân.

In oar foarbyld fan Aldfrysk rjocht is it Brookmerbrief.

Yn it jier 1327 krige Appingedam stêdsrjochten fan it Upstalbeambûn. De folgjende gearkomste fan it Upstalbeambûn soe yn Grins wêze.[2].

Strideraasje yn de 14e en 15e iuw

Yn de 14e en 15e iuw wie der in soad striid yn 'e Fryske gebieten, bygelyks dy fan de Skieringers en Fetkeapers.

De ein

Yn 1498 ferlearen de Friezen yn de hjoeddeiske provinsjes Fryslân en Grinslân harren frijheid. Dêrnei waard der besocht om de Fryske frijheid yn Fryslân en Grinslân werom te krijen mei frijheidsstriders as Grutte Pier. East-Fryslân waard in greefskip, letter waarden de greven fan East-Fryslân prinsen neamd.

Tiidline

UpstalbeamFryske frijheidHillich Roomske RykWytsingenFrankyske RykFryske Ryk

Hannel

Ut skriftlike meldingen fan tiidgenoaten en archeologyske ûndersikings bout Lebecq in byld op fan dy midsiuwske hannel [3]. It docht bliken dat de Friezen de grutste hannelers fan 'e Noardsee wiene en dat hja wichtige ferbinings hiene nei de Eastsee en it Kanaal.

Hja hannelen yn hûden, pelzen, metalen en wol, mar ek yn wyn, side en speserijen. Har wichtichste hannelswaar wiene lykwols slaven. Dy hannel docht ek bliken út in grut tal muntfynsten en sels kaam in eigen muntsoarte ta ûntjouwing, de lytse sulveren sceatta. Op gâns plakken moatte Fryske hannelskoloanjes west hawwe.

Nei sawat it jier 900 waard de hannel oer see minder troch de ynfallen fan de Wytsingen. Ynstee dêrfan kaam de Fryske hannel no yn it binnenlân ta ûntjouwing, benammen oer de Ryn en de Elbe en oer de grutte lânrûtes. Earst troch de opkomst fan de Hânze rekke it kustgebiet syn oerwicht kwyt.

Nei 1200 waard it gefaar fan Wytsingen Wytsingen minder, yn dy tiid bouden de Friezen koggen foar de hannel oer see.

Demografy

Befolking

Fryslân moat yn 'e iere midsiuwen in relatyf hege befolkingstichtens hân hawwe. Slicher fan Bath berekkent út it tal terpen en it tal huzen op elke terp[4], kombinearre mei de opjeften fan it goedsregister fan kleaster Fulda, dat Westergoa om 900 hinne in tichtens fan sa'n 20 ynwenners de km2 hân hawwe moat. Yn West-Europa waard it dêryn allinne oertroffen troch it Seinegebiet by Parys, de omkriten fan St. Omaars en tinklik it Rynlân by Keulen en it Maasgebiet by Maastricht, Luik en Hoei.

Sokke befolkingstichtheden wiene yn dy tiid fierste grut om fan de betreffende grûnoerflakken ite te kinnen. Dêrom moast nôt ynfierd wurde, dêr't út lettere tiid ek berjochten oer binne. Dêr falt út te konkludearjen, dat der in oansjenlike wolfeart hearske hawwe moat, dy't boud wie op in sterk ûntwikkele feetylt en in dêrop oanslutende hannel, dy't mooglik wie troch de geunstige lizzing oan it wetter. Oan 'e kust koe him dêrtroch in jild-ekonomy hanthavenje, wylst yn it binnenlân in guod-ekonomy ûntstie. Om dy reden wie der oan 'e kust ek gjin fûnemint foar it ûntstean fan in feodaal stelsel.

Taal

Yn Fryslân waard yn de midsiuwen Frysk praat. Troch de hannel moasten de keaplju wol meartalich west ha. Wat de oerienkomsten en ferskillen mei it Ingelsk, Frankysk en Saksysk oangiet is fan de iere midsiuwen net folle bekend. Fan dy taal is mar in nearzich lyts bytsje oerlevere op runeskrift, mar noch net genôch om der wittenskiplik ûndersyk nei te dwaan. Om 1100 hinne wurdt it Frysk foar it earst yn it Latynske alfabet skreaun. Fan de lette midsiuwen, de tiid fan de Fryske frijheid en de Opstalbeam, binne gâns rjochtsteksten en oarkonden bewarre bleaun. Yn de lette midsiuwen wurde de ferskillen en oerienkomsten mei de oanswettende talen dúdliker.

Religy

Yn de tiid fan it Fryske keninkryk moast de Fryske befolking heidensk west ha. Hja leauden oan mear as ien God en hienen prysters. De Friezen ferearen hillige ikebeammen en hienen timpels dêr't se ta in God bidde koenen.

Willibrord en Bonifatius reizgje troch de Fryske lannen om it folk te kerstenjen. Dat gong net sûnder wjerstân, sa't bliken die yn 754 doe't Bonifatius en likernôch hûndert man dy't mei him meireizgen, by Dokkum deadien waarden. Om 800 hinne komme de Friezen mei de Saksyske Widukind yn opstân tsjin de kristlike Franken. Dêrnei komt it Kristendom op as wichtichste leauwen. Yn de lette midsiuwen wie hiel Fryslân roomsk.

Ferwizing nei boarne

  1. Beda, Historia ecclesiastica, ed. Plummer, V, 19, 326
  2. Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Utjouwerij Ostfriesische Landschaft, 2003, ISBN 3-932206-30-4, S. 425
  3. Stéphane Lebecq, Marchands et navigateurs frisons du Haut Moyen Age, Lille: Presses Universitaires de Lille, 1983. ISBN 90-6171-791-4. Ek yn it Frysk: Fryske keaplju en seefarders fan de iere midsiuwen. Fryske Akademy, Ljouwert 1994 (twa dielen).
  4. B.H. Slicher van Bath Middeleeuwse welvaart in: J.J. Kalma e.o. útj., Geschiedenis van Friesland, Ljouwert 1973: 201-228.

Sjoch ek

Keppeling om utens