Greefskip Mid-Fryslân

Greefskip Mid-Fryslân is de namme dêr't skiedskriuwers it gebiet mei oantsjutte dat yn de 11e iuw troch it laach fan de Brunoanen bestjoerd waard en bestie út de Fryske goaen Eastergoa, Westergoa en Sudergoa. Steatkundich hearde it gebiet by it Hillige Roomske Ryk en wienen de Fryske greven lienman fan de Dútske keizer.

Yn de iere midsiuwen makke it gebiet fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân diel út it fan it saneamde Fryske ryk en nei de oermastering troch de Franken fan in hartochdom Frisia dat lei tusken it "Sincfal" (Swin), de tsjintwurdige swette tusken Belgje en Siuwsk-Flaanderen, oant de Weser yn Dútslân.

Yn 1006 krijt Liudolf fan Brunswyk sizzenskip oer de Fryske greefskippen. Hoe't dat syn beslach krige hat is net mear wis. Nei alle gedachten waarden de goaen fan de Hollânske greven mei geweld ôfhandich makke.[1].

Mid-Fryslân hat fjouwer greven hân, dy't tagelyk greve fan Breunswyk wiene en sadwaande Brunoanen neamd wurde. Harren gebiet wie ynearsten gearstald út de goaen Sudergoa (ek wol it greefskip Starum neamd), Eastergoa en Westergoa; fierders hienen de Brunoanen ek it Iselgoa yn besit. Letter krigen de Mid-Fryske greven ek de rjochten oer de Grinslanner goaen Hunzegoa en Fivelgoa. Omdat harren hiele amtsgebiet yn dy tiid tusken de geografyske gebieten West-Fryslân en East-Fryslân lei, wurdt tsjintwurdich sein fan 'Mid-Fryslân'.

It greeflik bewâld

bewurkje seksje

In grut part fan de 11e iuw wie it Greeflik bewâld yn Mid-Fryslân stiif ferankere, sa't bliken docht út de fynst fan sulveren munten mei greeflike ôfbyldings. Dy munten waarden ûnder oaren slein yn Starum, Boalsert, Ljouwert en Dokkum. De munten binne op in protte plakken fûn en meastentiids yn grutte oantallen.

De greeflike rjochten wiene yn hannen kaam fan foarsten waans machtssintrum fier fan Mid-Fryslân yn Breunswyk lei. In wichtich part fan dy rjochten hat út rjochtspraak bestean. Hjirfoar betsjinne de greven harren fan amtners dy't mei de namme skelta oantsjutte waarden. Dêrneist hiene sy rjocht op muntslach, aksynzen, boeten e.d.. Twa greeflike tollen út dy tiid binne bekend, nammentlik te Starum en Dokkum. Ut de sânde kêst blykt dat de Dútske keizer rjocht hie op in skatting út it Fryske lân, de saneamde "Huslota" of "Huslaga". De ynnimt dêrfan wie opdragen oan de skelta's, wylst de Fryske greve belêste wie mei de ôfdracht.[2]

Keizer Hindrik IV joech Mid-Fryslân yn 1088 (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan Utert. Dat wie tsjin it sin fan greve Egbert II, dy't tsjin keizer Hindrik IV (syn neef) yn opstân kaam. Nei Egberts dea yn 1090 folge Hindrik fan Northeim (de Fette) him op as greve fan Mid-Fryslân. Hindrik de Fette waard op 10 april 1101 fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei de dea fan dizze greve einiget it tiidrek fan de greven en set it tiidrek fan de Fryske frijheid útein, dêr't de Friezen harren sa goed as selsstannich yn bestjoere, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Oebele Vries, Het heilige Roomske Rijk en de Friese vrijheid, De Tille-Leeuwarden, 1986.
  • H. Jaekel, Die Grafen von Mittelfriesland aus dem Geschlechte Köning Radbods, Gotha-1895.
  • J.F. Niermeyer, 'Over het staatsgezag in Midden-Friesland voornamelijk in de 12de eeuw. Een diplomatisch onderzoek', Bijdragen voor Vaderl. Geschiedenis en Oudheidkunde, VII[8] (1937) I.
  • M.P. van Buijtenen, De grondslagen van de Friese Vrijheid, Assen-1953.
  • W.Ehbrecht, Landesherrschaft und Klosterwesen im ostfriesichen Fivelgo (970-1290), Münster in Westfalen-1974.

Fuotnoat:

  1. Halbertsma, H. (2000): Het rijk van de Friese Koningen, opkomst en ondergang, side 140.
  2. O. de Vries (1986), "Het heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid", side 15-16.