Froukje Sijtsma
Froukje Sijtsma (Hallum, 1984) is in Frysk sjoernalist, kollumnist, redakteur en kommunikaasjeadviseur.[1]
Oplieding
bewurkje seksjeFroukje Sijtsma studearre Frysk en Radio- en telefyzjesjoernalistyk oan de Universiteit fan Grins. Har masterstaazje Frysk rûn hja by de marketing en kommunikaasjeôfdieling fan Omrop Fryslân.
Sjoernalist
bewurkje seksjeNei har stúdzje wurke hja in heal jieryn Suriname foar ferskate mediabedriuwen. Sa wie se dêr aktyf as nijslêzer by radiostasjon SKY, einredakteur by deiblêd De Ware Tijd en telefyzjeredakteur by rtv-stasjon ABC.
Sûnt 2013 wurket se as ferslachjouwer foar opdrachtjouwers as Omrop Fryslân, de Moanne de Ljouwerter Krante, Afûk, Cedin en de Ryksuniversiteit Grins.
As sjoernalist makke se ferhalen foar HEA! en Buro de Vries. Yn de rubryk 'De Toan fan Froukje Sijtsma' makke se kollumns lykas Slagget de Slachte?, De wylde boerinne en Botox en bonkerakjes.[2] Yn ien fan har kollumns skriuwt se hoe’t se troch de jierren foarsichtiger wurden is mei sinne en sinnebrânkrêm.[3]
Ferskaat
bewurkje seksjeYn 2016 waard se kommunikaasjeadviseur fan DINGtiid. Sijtsma is sjoernalistlid fan de Ried foar de Sjoernalistyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|