Bear Boeloe is in bear dy't op Skiermuontseach wennet. Hy is de haadfiguer út de printeferhalerige oer de aventoeren dy't syn freonen en hy belibje, sa't dy útstjoerd waard/wurdt op de Fryske tillefyzje.

Bear Boeloe waard skreaun en tekene troch Helena de Boer. Sy makke de ferhalen fansels fral foar de bern, mar se binne ek foar folwoeksenen aardich: yn de ferhalen en tekeningen sitte lytse grapkes dy't somtiden ek yngean op aktualiteiten. Leny Dijkstra en Feije van der Meer, teffens regisseur, diene de hast 60 stimmen.

De rige waard sûnt 1995 foar de bern útstjoerd troch Omrop Fryslân, yn desimber 2006 waard it lêste teltsje útstjoerd troch de Omrop. Maart 2006, mei de rige yn it tolfde jier, hie De Boer al mear as 600 ferhalen tekene en skreaun. Letter waarden dy teltsjes út en troch op de Omrop werhelle. 25 jier nei it begjin fan it programma yn kaam der yn 2020 in ein oan de ferhalerige, der wurde gjin nije ôfleveringen mear makke. [1]

By de Afûk binne ek printeboeken fan Bear Boeloe ferskynt:

  • 1995 - Bear Boeloe en de jonge poeskes
  • 1997 - Bear Boeloe, oer hoopkes en húskes
  • 1999 - Bear Boeloe, fûgeltsje
  • 2002 - Bear Boeloe, lytse poppe
  • 2004 - Bear Boeloe, broerke

Ek is der yn 2001 in ferhaal fan Bear Boeloe opnaam yn it boek Trije Protters op in Prikje. It boek Bear Boeloe, lytse poppe is ek útjûn in trije Noardfryske dialekten.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bear Boeloe stopt na 25 jaar, Omrop Fryslân, 12 jannewaris 2020