Reuzen yn Ljouwert
De Reuzen yn Ljouwert is de oantsjutting dy't brûkt waard foar it wykein yn mids augustus 2018, doe't de Fryske haadstêd Ljouwert besocht waard troch de 15 m hege marionetten fan it Frânske strjitteäterselskip Royal de Luxe. Dit evenemint makke ûnderdiel út en wie ien fan 'e hichtepunten fan it bredere projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.[1][2]
Reuzen yn Ljouwert Reuzen in Leeuwarden | ||
It Famke op it Aldehouster Tsjerkhôf. | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert (gemeente) | |
plak | Ljouwert (stêd) | |
holden yn | binnenstêd | |
datum | 17 o/m 19 augustus 2018 | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | LF2018 | |
soarte evenemint | strjitteäter | |
org. troch | LF2018 | |
offisjele webside | ||
www.friesland.nl/kulturelehaadsted/.../de-reuzen... |
It evenemint
bewurkje seksjeIt gie om trije reuseftige marionetten: de Dûker, it Famke en de hûn Xolo. Om it besyk hinne wie in ferhaaltsje betocht: de Dûker en syn dochter, it Famke, wiene inoar kwytrekke, en se teagen troch de Ljouwerter binnenstêd op 'e siik nei inoar. Op it evenemint kamen safolle minsken út hiel Nederlân ôf, dat de NS ekstra treinen ynsette moast. Om't Ljouwert yn dit wykein net foar motorisearre ferkear tagonklik wie, feroaren doarpen as Grou en Jirnsum suver yn parkearterreinen foar lju dy't de auto dêr delsetten om it lêste ein mei de trein te gean.[1]
It barren wie in daverjend súkses. Jean-Luc Courcoult, de direkteur fan Royal de Luxe, dy't tefoaren foarspegele wie dat de Friezen in reservearre folk wiene, wie bliid ferrast mei de entûsjaste reäksjes fan it publyk. Sterker noch: weromsjend op it wykein foar in fraachpetear mei de Ljouwerter Krante oppenearre er it idee om oer in stikmannich jierren werom te kommen yn Ljouwert, dan mei de marionet fan in noch te bouwen reuseftige gorilla.[2]
Besikersoantallen
bewurkje seksjeBoargemaster Ferd Crone fan Ljouwert stelde it tal besikers oan it 'reuzewykein' op basis fan skattings troch plysje, brânwacht en ferfiersmaatskippijen Arriva en NS fêst op 425.000 minsken. Undersyksburo Locatus kaam letter mei in eigen telling dy't basearre wie op elektroanyske mjitpunten dy't yn 'e Ljouwerter binnenstêd opsteld stiene. Neffens dy telling wiene der op freed 17 augustus 51.200 besikers (tsjin 21.862 yn in normaal wykein); op sneon 18 augustus soene der 56.238 besikers west hawwe (tsjin 24.823 normaal); en op snein 19 augustus soene der 26.428 besikers west hawwe (tsjin 16.126 normaal). Yn totaal kaam dat del op 133.866 besikers yn it reuzewykein tsjin trochinoar 62.811 yn in gewoan wykein.[3] Konfrontearre mei dy sifers bleau Crone lykwols by syn eigen oantal fan 425.000, dat neffens him basearre wie op skattings fan saakkundige lju, dy't in foutmarzje fan net mear as sa'n 10% nei boppen of nei ûnderen hawwe koene.[4]
Utstjoering troch Omrop Fryslân
bewurkje seksjeRoyal de Luxe woe earst hielendal net dat der live-bylden fan it evenemint op 'e tillefyzje útstjoerd wurde soene, mar Klaas Geert Bakker, de haadredakteur fan Omrop Fryslân, wist mei de organisaasje in kompromis te berikken foar in útstjoering fan 21/2 oere. Neffens Bakker wie dêrby ek ôfsprutsen dat der maksimaal 20 minuten bylden útstjoerd wurde soene dy't mei in drone opnommen wiene. Yn 'e e-mail mei de ôfspraken stie lykwols dat de totale live-útstjoering net langer duorje mocht as 20 minuten. Neffens Bakker wie dat in wiziging dy't koart foar de útstjoering trochjûn waard. Hy soe de e-mail yn alle drokte net goed lêzen hawwe en himsels misliede litten hawwe trochdat de organisaasje fan it evenemint derby sette dat it om "in lytse wiziging" gie. Dit late letter ta in fertrouwensbrek yn 'e lieding fan Omrop Fryslân, mei't interim-direktrise Nina Hiddema Bakker syn lêzing net akseptearre. Hja stelde dat Bakker de Omrop in blamaazje besoargje kinnen hie as Royal de Luxe de foarstelling stillein hie. Boppedat ferwachte se dat Royal de Luxe samar noch in flinke skeaclaim yntsjinje koe. Ien en oar kaam oan it ljocht by de behanneling fan in koart pleit, op 17 oktober 2018, dat Bakker oanspand hie om syn ûntslach oan te fjochtsjen.[5] Op 20 oktober joech de organisaasje fan LF2018 oan dat sy om dizze saak alteast gjin skeaclaim tsjin 'e Omrop yntsjinje soene. Royal de Luxe wie net berikber foar kommentaar.[6]
Oer it budget hinne
bewurkje seksjeMids septimber 2018 waard bekend dat it besyk fan 'e reuzen oan Ljouwert folle djoerder útfallen wie as ferwachte. De Gemeente Ljouwert hie oarspronklik €775.000 útlutsen foar tarieding, ferkearsmaatregels, it fuortheljen fan ferkearsdrompels en ferkearsheuvels dy't yn it paad stiene en crowdmanagement. Uteinlik kamen de totale kosten dêrfoar lykwols út op €1,1 miljoen. It besyk fan 'e reuzen fan Royal de Luxe sels koste goed €3 miljoen; dat bedrach waard betelle troch de organisaasje fan LF 2018, hoewol grutdiels mei gemeentlike subsydzjes.[7]
De gemeenteried fan Ljouwert wie not amused oer dizze gong fan saken, en dat de ried pas neitiid (op 18 septimber) ynformearre waard oer it tekoart, wylst yn 't foar (op 9 july) al dúdlik wie dat it budget fierstente lyts wie, makke de reäksjes der net mylder op, benammen by de opposysje.[8][9] By in debat yn 'e Ljouwerter gemeenteried joech boargemaster Ferd Crone te kennen dat er him fan gjin kwea bewust wie, mei't yn 't foar ôfsprutsen wie dat de Gemeente Ljouwert him garant stelde foar de kosten, wat dy ek wêze mochten.[10] Ek wethâlder Sjoerd Feitsma bleau derby dat it kolleezje neat ferkeards dien hie. Dêrop tsjinne gemeenteriedslid Gijs Jacobse fan Gemeentebelangen Ljouwert (GBL) in moasje yn wêryn't it kolleezje yn it ferfolch ferplichte waard om 'e rie daliks yn te ljochtsjen as der "signifikant" oer in budget hinne gien waard. Dat dy moasje op 10 oktober, nei koppich foet by stik hâlden fan it kolleezje, troch de hiele rie útsein D66 stipe waard, kaam foar alle waarnimmers as in folsleine ferrassing. Boargemaster Crone en wethâlder Feitsma krigen dêrmei in gefoelige tik op 'e fingers.[11]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|