Marja Wiersma
Marja Wiersma (Frjentsjer, 1968) is in ferslachjouster by de NCRV-telefyzje. Nei de middelbere skoalle yn Frjentsjer gie se nei Los Angeles as au-pair. Doe't se werom kaam wurke hja in skoftke yn in âldereinhûs en gie nei de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Amersfoart. Se keas foar in staazjeplak by de NCRV-telefyzje by Rondom Tien, by dokumintêres en in talkshow.
Yn 1994 kaam se by Omrop Fryslân en die aktualiteiten by "Hjoed" en "Boppedat".
Doe kaam se te wurkjen by it VARA-programma "Middageditie" en ferhuze nei in wenboat oan de Prinsegrêft yn Amsterdam. Nei in pear jier makke se de oerstap nei "Hier en Nu" fan de NCRV. Se is belutsen by it meitsjen fan reportaazjes foar de aktualiteiterubryk Netwerk.