Wim en Hans Anker

De twillingbruorren Wim en Hans Anker (Ljouwert, 27 febrewaris 1953) binne twa bekende Fryske strafpleiters. Wim wurdt ek wol Willem neamd. Se wenje yn Akkrum.

Wim (l.) en Hans Anker
It kantoar fan Anker & Anker Strafrecht-advocaten oan 'e Oksekop yn Ljouwert.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

De twilling waard berne yn it sikehûs fan Ljouwert, hoewol't harren âlden yn 1953 op Skiermûntseach wennen. Hja groeiden op yn Akkrum as bern fan de boargemaster. Nei in ULO- en HBS-oplieding yn Ljouwert studearren se rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Hjirnei ferhuze Wim nei de Rânestêd om amtner op it ministearje fan Justysje te wurden. Nei fjouwer jier oertsjûge syn broer Hans him om werom te kommen nei Fryslân, en abbekaat te wurden by itselde kantoar dêr't Hans ek wurke. Yn 1990 stiften se harren eigen kantoar: Anker & Anker te Ljouwert.

De firma Anker & Anker hat him spesjalisearre yn strafrjocht en benammen yn strafsaken, dêr't TBS en kassaasje in wichtige rol by spylje en behannelje benammen pro-deo saken. Dit betsjut dat se zaken tawiisd krije fan fertochten dy't gjin abbekaat betelje kinne of dy't gjin abbekaat ynhiere kind hawwe omdat nimmen se ferdigenje wol. Sa ferdigenen de bruorren Ferdy E., de moardner fan Gerrit-Jan Heijn; 'ingel fan 'e dea' Martha U.; en Richard Klinkhamer, dy't syn frou fermoarde. Ek de fjouwer belagers fan Meindert Tjoelker, en de ekstreemrjochtse partij CP'86 binne troch harren ferdigene. Dêrnjonken lûke se harren it lot fan TBS-ers en langstraften oan, lykas searje-moardner Koos Hartogs, dy't al 25 jier yn TBS-kliniken fêstsit. Ek ferdigenen hja Jan Veerman, dy syn dochter en de bedriuwslieder fan kafee Het Hemeltje yn Foalendaam.

Yn in soad gefallen komme kliïnten út alle hoeken fan it lân by de Ankers terjochte, bytiden nei wegere te wêzen troch alle oare abbekaten. Yn in tal gefallen, dêr't foar it publyk de skuld dúdlik by fêststie, krigen se bedrigings. Mei de CP'86-saak waard it kantoarpân bekûgele mei húskepapier. Wim en Hans Anker beweare lykwols dat eltsenien by harren terjochte kin. Wêr't jo ek fan fertocht wurde, wa't jo ek binne: elts hat rjocht op in earlik proses. Boppedat is ien altyd ûnskuldich oant it tsjindiel bewiisd wurdt.

Wim Anker en Hans Anker binne warbere gongmakkers yn it ferieningslibben fan Akkrum. Foarbylden binne it Frysk kampioenskip mêstklimmen, Tûne-Lûke en Slingeraap. Se binne ek supporter fan SC It Hearrenfean. De bruorren binne net allinnich leafhawwers fan it libbenssliet, mar binne sels ek entûsjaste fertolkers. Se ferlienden meiwurking oan in cd fan Oane en Skelte yn it Frysk; ek oan in cd fan it dweilorkest De Glêsblazers út It Hearrenfean en dienen de bruorren mei oan it liet Heerenveen foar altyd. Op in cd fan Radio Yllegaal sjonge se it nûmer: Der komt wer in yllegaal.

Se brûke by harren wurk en yn 'e omgong in soad humor. De iene neamt de oare 'Joop" en ek wol 'it aai' omdat de manlju beide aardich troch it hier binne. Sa neamden se harren abbekatekantoar ris "Anker & Anker, foar al jo misdieden". By feesten foel it harren op dat de skoften faak it gesellichst binne. Hja besleaten doe in "pauzefeest" te hâlden by kafee Goerres yn Akkrum; der stie neat op it programma: it gie ommers om de gesellichheid.
Yn 2007 kochten de bruorren in 90 kilo swiere stielen doar út de Koepel-finzenis yn Breda foar harren kantoar oan de Oksekop. Tusken 1945 en 1989 hienen dêrefter de Fjouwer fan Breda (Fischer, Kotälla, Aus der Fünten en Lager) fêstsitten.

De tema's fan de ferhalen fan de tillevysjesearje Dankert & Dankert binne basearre op saken fan de abbekatetwjilling.

Oare banen fan Wim Anker

bewurkje seksje

Wichtige saken

bewurkje seksje

Underskieding

bewurkje seksje

Wim Anker waard yn 2015 troch fakgenooten ferkeazen ta 'Meast wurdearre advokaat'. Op 7 oktober 2016 waarden beide bruorren beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Keppeling om utens

bewurkje seksje