Slingeraap
Slingeraap is in aktiviteit wêrby't mei in tou oer in brede feart slingere wurde moat. It wurdt simmerdeis sûnt 1983 hâlden yn Akkrum. Boppe De Boarn hinget oan in grutte kraan in slingertou. Dielnimmers moatte yn dit tou springe en sa fier mooglik op de oare wâl delkomme. It rekord stiet op ûngefear 16 meter.
It Frysk Kampioenskip Slingeraap lûkt altyd in soad minsken, der wurde ek faak telefyzjeopnames fan makke. Der meie net mear as 230 dielnimmers meidwaan. Der komme ek in protte fierljeppers op ôf. Der wurdt sprongen yn 4 kategoryen. Lykas by in soad aktiviteiten yn Akkrum leverje de bruorren Anker it wedstrydkommentaar.
Op sneon 25 augustus 2012 waard foar it tritichste jier it Iepen Frysk Kampioenskip Slingeraap organisearre. Besletten waard om al fan de earste edysje it etiket ‘Iepen Frysk Kampioenskip’ derop te plakken. De organisaasje wie nammentlik bang dat nei in slagge premiêre in oar doarp der nei it Frysk kampioenskip fan troch gean soe. Op mear plakken yn Nederlân wurdt ek oan Slingeraap dien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |