Albert Jensma (1957) is in Frysk redakteur, kameraman en programma- en dokumintêremakker foar FryslânDOK by Omrop Fryslân.[1]

Nei de Pedagogyske Akademy folge Jensma opliedings tekenjen, keunstskiednis en frij skilderjen by Akademy Minerva. Neidat er in tal jierren redakteur by it Frysk Deiblêd west hie, waard hy yn 1993 nijsferslachjouwer by Omrop Fryslân. As redakteur en programmamakker makke Jensma in soad dokumintêres en wie gearstaller fan keunst- en kultuerprogramma’s.

Jensma is bestjoerslid fan Liet Ynternasjonaal.

Yn 2021 wûn Jensma mei kameraman Jorrit Meinsma en kollumnist Ate de Jong foar Omrop Fryslân de Circom 2021 yn de kategory muzyk en keunst. De Circom is in prestizjeuze Europeeske priis foar de bêste produksje fan de regionale omroppen. Yn de bekroane DOK-dokumintêre ‘It Masterstik’ makket Hans Jouta in byld fan Johan Cruijff. [2] It byld fan Cruijff stiet by de Johan Cruijff Arena yn Amsterdam. [3]

Programma’s (karút)

bewurkje seksje
  • Opus Exit (2008)
  • Moai Fryslân (2014)
  • Mannen fan it frije fjild (2017)
  • Arbeidsmigratie op het Friese platteland (2019)
  • Beklimmers van het vlakke land (2020)
  • Wol tusken priis en wearde (2022)
  • Steenmarter, jakhals, wolf' (2023)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het dorp is rijker dan je denkt, Sa!, wike 35 2016
  2. Omrop Fryslân wint Europese prijs met docu over beeld Johan Cruijff, Omrop Fryslân, 29 april 2021
  3. Europese prijs voor documentaire over Hans Jouta uit Ferwert, activonline.nl, 1 maaie 2021