Ingrid Spijkers (Willemstêd (Noard-Brabân),[1][2] 27 maaie 1970)[1] is in Nederlânsk sjoernaliste en ferslachjouster.[1][2] Hja waard yn 2019 oansteld as de nije haadredaktrise fan Omrop Fryslân.[1][2]

Ingrid Spijkers
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ingrid Spijkers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 maaie 1970[1]
berteplak Willemstêd (Noard-Brabân)[1][2]
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Brabânsk[1]
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste, ferslachjouster
jierren aktyf 1993 – no
reden
  bekendheid
haadredaktrise fan
   Omrop Fryslân[1][2]
offisjele webside
Ingrid Spijkers op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Spijkers waard yn 1970 berne yn Willemstêd,[1][2] in plak oan it Hollânsk Djip yn 'e provinsje Noard-Brabân (dêr't lykwols fan âlds in Hollânsk dialekt sprutsen wurdt, it Westhoeksk). Har âldelju kamen fan Tilburch,[1] dêr't se beiden yn 'e (needlijende) tekstylyndustry wurke hiene oant it fabryk tichtgie en har heit yn Willemstêd in baan krije koe as slûswachter foar Rykswettersteat.[1]

Nei't se it middelber ûnderwiis trochrûn hie oan it ateneum yn Ald-Beierlân,[1] gie Spijkers nei de Akademy foar de Sjoernalistyk yn Tilburch (no Fontys Hegeskoalle foar Sjoernalistyk).[1][2] Dêr mette se Gerrit Hofstra, in lettere presintator fan Omrop Fryslân dy't anno 2019 as wurdfierder by de Provinsje Fryslân wurket.[1][2] Hja krigen ferkearing en waarden in stel.[1][2] Nei't Spijkers ôfstudearre wie, wurke se in healjier by it Rotterdams Dagblad,[1] oant se Hofstra mids 1993 nei Fryslân ta folge.[1][2] Dêr setten se harren nei wenjen yn Ljouwert.[1][2]

Spijkers gie as freelancer oan it wurk en rjochte yn dat ramt mei kollega Christel Pieper har eigen bedriuw op, dat earst PS Produkties hiet (fan Pieper-Spijkers), mar letter omneamd waard ta Wij van PS.[2] Yn 'e 1990-er jierren kaam Spijkers as freelancer fan PS by Omrop Fryslân te wurkjen, dêr't se as ferslachjouster en programmamakster bydroech oan 'e earste deistige tillefyzje-útstjoerings.[2] Op 'e redaksje fan 'e Omrop learde se Frysk te sprekken.[2] Letter wurke Spijkers foar it Algemeen Nederlands Persbureau (ANP),[2] it deiblêd Trouw[2] en útjouwerij SDU Uitgevers,[2] Hoewol't Wij van PS goed draaide, loeken Pieper en Spijkers en harren letter ynkommen trêde fennoat Gerard van der Veer yn 2015 de stekker derút, om't se wat oars woene.[1]

Nei't se inkele jierren as selsstannich freelancer wurke hie,[1] waard Spijkers begjin oktober 2019 oannommen as de nije haadredaktrise fan Omrop Fryslân.[1][2] Hja wie dêr de opfolchster fan Klaas Geert Bakker, dy't ein 2018 ûntslach krigen hie.[1][2] (Sûnt hie de Omrop him rêden mei ynterim-haadredakteurs út it eigen fermidden.)[2] Spijkers begûn op 1 desimber yn har nije funksje.[2] Under har lieding waard de opskuor en rebûlje delbêde dy't Omrop Fryslân inkele jierren lang teheistere hie.[1] Ek waarden foar it earst yn jierren wer nije presintators lykas Maaike van der Hoek en Martine van der Steege oplaat, sadat de Omrop him meitiid ferjongje kin.[1]

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 1,23 Santema, Pier Abe, Van Zondagskind naar Sneinsbern, yn: de Ljouwerter Krante, bylage Sneon & Snein, 3 july 2021, s. 8-10.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 2,15 2,16 2,17 2,18 2,19 2,20 Santema, Pier Abe, Ingrid Spijkers nieuwe hoofdredacteur Omrop, yn: de Ljouwerter Krante, 8 oktober 2019, s. 24.