Onno Falkena
Onno Pier Falkena (Stienwyk, 2 jannewaris 1964) is sjoernalist by Omrop Fryslân.
Falkena waard berne yn Stienwyk as soan fan Roel Falkena (FNP-politikus en bistedokter), mar groeide op yn Beetstersweach.[1] As koördinator nije media wie er ien fan de bouwers fan de earste webstee fan Omrop Fryslân yn it jier 2000.
Falkena is ferslachjouwer by it nijs fan Omrop Fryslân mei as spesjalisaasjes polityk en Europeeske taalminderheden. Yn 2019 makke er trije FryslânDOK -dokumintêres oer de relaasje tusken minderheden en de Europeeske Uny ûnder de titel 'De grinzen fan Europa'. [2]
Njonken it sjoernalistike wurk is Falkena warber by it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), de paraplu fan organisaasjes dy't opkomme foar de minderheidstalen Frysk, Nedersaksysk, Biltsk en Papiamentu yn Nederlân.
Hy wie yn 2002 ien fan de oprjochters fan Liet International, it Europeesk sjongfestival foar minderheidstalen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|