Geart de Vries
Geart de Vries (1956) is in Frysk sjoernalist, publisist en âld-direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
Hy wie 27 jier programmamakker en einredakteur by Omrop Fryslân en waard begjin 2009 direkteur fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL); hy folge Jan Folkerts op. Op 15 maart 2021 waard er dêr opfolge troch Meindert Seffinga.
De Vries is ek aktyf yn de Stichting Poëzietableaus Ljouwert. Syn útjeften Foar alles is in tiid en Trochpaden binne basearre op ynterviews mei Douwe Tamminga en Tiny Mulder.
Wurk
bewurkje seksje- Trochpaden, Oantinkens fan Douwe Tamminga oan syn libben wurk (1999)
- Poëzie op straat
- Foar alles is in tiid, it libbensferhaal fan Tiny Mulder (2006)