Frysk Boun om Utens

It Frysk Boun om Utens is in koepelorganisaasje fan likernôch 27 Fryske Kriten bûten Fryslân. It bûn, dat oprjochte is op 15 septimber 1923, is ien fan de oansletten selskippen fan de Ried fan de Fryske Beweging.

It Boun hat neffens it karbrief as doelstelling:

  • in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen;
  • by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis. De kriten organisearje byienkomsten oangeande: Toaniel, Kabaret, Sjongen, Boekbesprekken, Lêzings en/of Stúdzjegearkomsten op it mêd fan de Fryske taal, literatuer, skiednis, kultuer ensfh. Fierder wurde kursussen Frysk organisearre, sawol foar Frysktaligen as foar net-Frysktaligen

Oansletten kriten

bewurkje seksje

Amersfoart, Amsterdam, Apeldoarn, Arnhim, Assen, Beverwyk *, Boadegraven *, Bussum, Dimter, Doardt, Flaardingen, De Haach, Haarlim, Hilfertsom, Hoarn, Hurderwyk, Leiden, Lelysted*, Oss, Seist, SudeastDrinte, Swol *, Utert *, Wageningen. (mei * ha in eigen hiemside)

Net-oansletten kriten om utens: De Helder, Roan, Stienwyk

It Frysk Boun om Utens hâldt har op it stuit ûnder oaren dwaande mei de ûntfangst fan Omrop Fryslân bûten de provinsje, boekeferkeap en it jaan fan kursussen. Fierder besykje se de belangen fan de oansletten kriten en har leden te behertigjen by oerheden en ynstânsjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee fan It Frysk Boun om Utens (deade keppeling)
  • Uden Masman, H., red., De Friezen buten Fryslân. Bitinkingsboek by it 25-jierich bistean fan it "Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân", 1923-1948, Sneek 1948