Geert Kuperus

(Trochferwiisd fan Geart Kuperus)

Geert J. Kuperus (Amsterdam, 1952) is in sakeman en ûndernimmer. Hy wenne en wurke in grut diel fan syn libben yn Snits mar wenne letter yn de Bollestreek.

Op syn fjirde ferhuze er fan Amsterdam nei it Noard-Hollânske Huisduinen by Den Helder. Yn 1970, op syn achttjinde, waard hy advertinsjeferkeaper by in útjouwer yn Den Helder. Al gau woed er foar himsels begjinne, mar troch it konkurrinsjebeding moast dat yn in oar diel fan Nederlân barre. It waard Snits, dêr ’t er fanút in kantoarke oan de Scherhemstrjitte 'Friesmedia' oprjochte.

Friesland Post

bewurkje seksje

Sûnt 1972 joech er as advertinsjeferkeaper en útjouwer fan Friesmedia ferskate tydskriften en boeken út op it mêd fan hannel, toerisme, kultuer en sport. Kuperus wie yn de sechtiger en santiger jierren keeper by fuotbalferiening Hubert Sneek en ONS yn Snits en by IJ.V.C yn Drylts. [1] Yn 1974 begûn er as útjouwer mei it blêd Friesland Post, in magazine, foar, troch en oer Fryslân dat er offset printsje liet by Agropers oan de Gedempte Pol. Hysels hâlde him dwaande mei de produksje en advertinsjeakwisysje. Pieter Terpstra wie haadredakteur. Mei ferrin fan tiid hâlde Kuperus him mear en mear dwaande mei de redaksjonele kant. It slagge him om it histoarysk argyf fan Dit is Friesland oer te nimmen. Dêrfan koe er alle moannen sechtjin siden yntegraal opnimme yn Friesland Post. It soe in populêre rubryk wurde. It kantoarke oan de Scherhemstrjitte waard te lyts en nei de ferhuzing nei de Westersingel kaam er yn it pân op de hoeke Hoogend-Rienk Bockemakade. Nei tsien jier ferkocht er yn 1984 it blêd oan Yntema fan Agropers. Dêrnei wenne hy in pear jier op Mallorca.

Relaasjemanagement

bewurkje seksje

Nei in stúdzje Management en Strategy tusken 1983 en 1986 oan de Universiteit fan Harvard yn Amearika waard er konsultant en managerdirekteur fan meardere bedriuwen. Benammen it mei elkoar yn kontakt bringen fan minsken wie syn doel. Fan galeryhâlder Peter Bax kocht er pleats ‘De Harste’ yn Snits. Yn it fleantúch foel him it inflight magazine ‘Holland Herald’ op fan de KLM, en tocht dat it blêd better koe. Hy naam kontakt op mei de KLM, waard interim-direkteur, ferkocht De Harste yn Snits en ferhuze nei Bilthoven. Yn 1992 wie Kuperus oprjochter fan de EFBQ, de European Foundation for Businees Qulification. It wie in bedriuw dat it mooglik makke om de prestaasjes op strategysk ûndernimmerskip fan grutte bedriuwen út ferskate branches mei elkoar te fergelykjen. Troch Frans Andriessen, de destiidske Europeeske Kommissaris foar Hannelspolityk, krige Kuperus de kâns om syn ideeën yn Brussel te presintearjen. Hy waard net allinnich bestjoersfoarsitter fan de EFBQ, mar ek lisinsjejouwer.

Kuperus hie in grutte skybox yn de Amsterdam Arena, dêr ’t er relaasjes útnoege. Yn 1995 sette er yn it stadion de eksklusive Champions Lounge op. As gasthear docht er dêr oan relaasjemarketing troch minsken út syn netwurk mei elkoar yn kontakt te bringen. Dêrby waard faak haute cuisine fan Michelin-koks presintearre. Bekende Nederlanners út de showbizz, topmusisy, sportminsken en topkoks treffe elkoar dêr.[2]

  • Bestjoersfoarsitter European Foundation for Business Qualification (EFBQ). Opsetter fan Champions Lounge Johan Cruijff ArenA.
  • Direkteur EC Sekretariaten Beheer BV, Management Consulting industry 1989 – 2000
  • Quality Management Centre Europe Management Consulting industry 1984 – 1989 op it mêd fan advys en management

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geert Kuipers: Respect voor wie ik ben, niet voor wat ik heb, yn: Groot Sneek, septimber 2016
Referinsjes
  1. Henk van der Veer oer Geert Kuperus
  2. Kampioenen in Champions Lounge, Fries Journaal, 15 maaie 2013