Franciscus Henricus Johannes Joseph (Frans) Andriessen (Utrecht, 2 april 192922 maart 2019) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de Katolike Folkspartij (KVP) en letter it Kristen-Demokratysk Appèl (CDA). Hast tweintich jier lang wied er heechlearaar Europeeske yntegraasje yn Utert.

Frans Andriessen, minister fan Finansjen, 1979

Andriessen wie in soan fan politikus en fakbûnsman Jan Andriessen en wie in foaroansteand kristendemokraat út in katolike famylje. Foardat er de polityk yngie wied er direkteur fan in ynstitút foar de bou. Hy kaam yn 1967 foar de KVP yn de Twadde Keamer nei't syn heit dy ferlitten hie, en waard dêr ynearsten wurdfierder folkshûsfêsting.

Politike karriêre

bewurkje seksje

Andriessen folge Gerard Veringa yn 1971 op as partijlieder, doe't dy ûnferwachte ôfgean moast om reden fan sûnens. Hy late de KVP-Twadde Keamerfraksje ûnder it kabinet-Den Uyl, dêr't er kritysk oer woe, mar dat er wol loyaal stipe. Yn 1977 makke er beswier tsjin it ûntwer-regearakkoard mei de PvdA en waard er troch dy partij ôfwiisd als kandidaat foar Ekonomyske Saken. Yn it kabinet-Van Agt I, dat nei de mislearre formaasje-Den Uyl foarme waard, wied hy minister fan Finânsjes. Andriessen trede op 22 febrewaris 1980 ôf, omdat syn plan om de oerheidsfinânsjen mear ûnder kontrole te krijen net nei harke waard binnen syn eigen CDA-fraksje. Fraksjelieder Ruud Lubbers sei dat de tiid der noch net ryp foar wie. Andriessen waard dêrby net stipe troch de VVD-ficepremier Hans Wiegel. Twa jier letter waard in soartgelyk plan lykwols wol útfierd troch it kabinet Lubbers I.

Dêrnei waard er Europeesk Kommissaris foar hannelspolityk. Andriessen hie de namme fan in pragmatysk politikus.

Yn de perioade 1967-1981 wie er Twadde Keamerlid, CDA-fraksjefoarsitter yn de Twadde Keamer en lid fan de Earste Keamer en fan 1981-1993 trije terminen efterelkoar, yn ferskate funksjes, lid fan de Europeeske Kommisje.

Yn 1995 wie er foarsitter fan de kommisje dy't in nije koers útsette moast foar it CDA nei it ferlies fan de ferkiezingen en ferslach die yn it rapport Nieuwe wegen vaste waarden.[1] Op it CDA-kabinetsformaasjekongres yn 2010 'liet er witte dat er tsjin de foarming fan in kabinet mei fernearen fan de PVV wie, om't dat neffens him bydrage soe oan de twaspjalt yn Nederlân.[2]

Hy wie ek lid fan de ried fan advys fan The Rights Forum.[3]

Heechlearaar

bewurkje seksje

Fan 1 maart 1990 oant 1 septimber 2009 wie Andriessen bysûnder heechlearaar Europeeske yntegraasje oan de Ryksuniversiteit Utert.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: