Henk van der Veer

Henk van der Veer (Snits, 24 oktober 1954) is in ûnderwizer en Frysk en Snitsersk skriuwer en dichter.

Henk van der Veer (2010)

Hy wie in neikommerke yn de grifformearde húshâlding fan Benedictus van der Veer (1911-1990) en Cornelia Petstra (1913-1991). Hy gie nei de Eben Haëzerskoalle oan it Ald tsjerkhof yn Snits. Nei de ULO wol Van der Veer nei de skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert, mar syn heit stjoert him nei kweekskoalle De Him. Nei in wike militêre tsjinst komt er werom en docht dan ferfangingswurk oan ferskate legere skoallen. Fan 1978 - 1983 is er ûnderwizer oan de Van Haersma Bumaskoalle yn De Hommerts. Hy stapt dan oer nei it spesjaal ûnderwiis yn Snits en leit him mear ta op it Frysk.

Skriuwen docht er lykwols ek in soad yn it Snitsersk. Wurk fan him ferskynt dan yn it Sneeker Nieuwsblad, Wijd & Zijd, Boer en Bedrijf, De Strikel, Hjir en Trotwaer en De Moanne (dêr't er ien fan de redakteuren is). Sa hat er sûnt 2010 yn de Friesland Post in fêste rubryk oer nijsgjirrige boeken dy't mei Fryslân te krijen hawwe. Fierders yn tematydskriften fan de Afûk en bytiden in artikel yn de Fryske deiblêden. Boppedat treedt er in soad op yn kroegen en tehuzen. Sûnt 2000 wurket er in soad gear mei fotograaf en ûntwerper Paul van Goor. Tegearre wurkje se oan 'Kajapoetoaly'. Yn de hjerst fan 2003 ferskynt Spoetnik, in kalinder en posters mei tolve fersen oer de moannen fan it jier.

Yn 2004 waard Snitser stedsdichter Van der Veer troch de gemeente Snits ûnderskieden mei de Sulveren Krystbal, de kultuerpriis fan Snits.

Yn 1989 ferskynt de earste boekpublikaasje Skrousk, in dichtbondel yn 't Frysk. Nei it ferstjerren fan syn âlden en de oanliedings dêrfan ferskynt noch in Fryske bondel Deagewoandea. Mar de toan is mei it Snitskers yn Je mutte hore wie ut seit, út 1992, al setten. 'Dàt ok noch' en Melkboerehonnehaar wurde ek yn it Stedsfrysk skreaun.

Dichtbondels
  • 2003 - Spoetnik
  • 2000 - Kajapoetoaly
  • 2000 - Om 'e noard
  • 2000 - Fanou ut Plein
  • 1994 - Deagewoandea
  • 1994 - Melkboerehonnehaar
  • 1992 - Dàt ok noch
  • 1992 - Je mutte hore wie ut seit
  • 1989 - Skrousk
Ferskaat
  • 2007 - Als ik later groot ben ... (jubileumboek)
  • 1997 - v.v. HJSC 1947-1997 (jubileumboek)
  • 1995 - In útjouwerij fan QuizeQuânsje (jubleumboek Koperative Utjouwerij)
  • 1990 - Willem Santema in fersetsman (Willem Santema)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: