Koperative Utjouwerij
De Koperative Utjouwerij (KU) wie de útjouwerij dy't yn 1970 oprjochte is troch Teije Brattinga, Trinus Riemersma, en Geart van der Zwaag.
It wie in koperaasje mei útsletten oanspraaklikheid fan skriuwers dy't elk tûzen gûne leveren as startkapitaal. De dielnimmers ûnthjitten dat se har manuskripten net oan konkurrearjende kommersjele útjouwerijen oanbiede soenen. De KU hie op har hichtepunt wol 50 skriuwers.
De ûtjouwerij mei de "Q" as byldmerk wie in platfoarm foar nije streamingen yn de skriuwerij. Guon leden skreaunen yn in eigen stavering. Yn it 37-jierrige bestean waarden hûnderten boeken útjûn. Fiif skriuwers krigen de Gysbert Jabikspriis: Reinder Rienk van der Leest, Trinus Riemersma, Piter Boersma, Steven H.P. de Jong en Josse de Haan.
Yn septimber 2007 hold de KU op te bestean.
Literatuer
bewurkje seksje- Sijens, Doeke & Henk van der Veer (1995) In útjowerij fan quizequânsje. Tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Boalsert: Koperative Utjowerij. ISBN 9065702660