Willem Santema
Willem Santema (Skearnegoutum, 2 maart 1902 - Kamp Vught 10 augustus 1944) wie in Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Jonkheid, oplieding en wurk
bewurkje seksjeSantema waard berne as twadde soan fan boer Tjitse Santema en Gerbrich de Roos. Hy gie nei de MULO yn Snits, wurke by syn heit op 'e pleats, en helle yn 1921 in diploma oan de Rykslânbouwinterskoalle yn Ljouwert. Yn 1926 troude er mei Tryntsje Atsma út Toppenhuzen. Earst wennen se op in pleats yn Skearnegoutum, mar yn 1932 begûnen se teagearre in radiowinkel. Santema ferhierde ek auto's, soms mei himsels as sjauffeur. Yn 1934 ried er dûmny W.A. Dekker en syn frou nei Hongarije, dêr't de dûmny in earedoktoraat yn ûntfangst naam. Santema skreau in ferslach oer de reis, dat yn 1934 ûnder de titel Per B-2001 naar het randje van de Balkan yn tolve dielen ferskynde yn it tydskrift Land en Volk. Yn dat reisferslach warskôge er tsjin it nije rezjym yn Dútslân.
Flak foar de Twadde Wrâldoarloch ferhuzen de Santema's nei Snits. Santema waard yn 1939 lid fan de gemeenterie fan Snits. Earder, fan 1931 oant 1938 hie er al gemeenteriedslid fan Wymbritseradiel west, beide kearen foar de CHU.
Fersetsaktiviteiten
bewurkje seksjeYn de Twadde Wrâldoarloch wie Santema ien fan de oprjochters fan de "Fersetsgroep Lever", in fersetsgroep út Snits om de famylje Lever hinne. De kearn fan de fersetsgroep wiene Santema, Hendrik Jakob Lever sr. en syn trije bern, Jan Lever, Hendrik Jacob Lever Jr. en Meta Lever. Yn jannewaris 1943 ferhuze er nei Amsterdam. Santema naam de skûlnamme Ype Brandsma oan en kaam sabeare fan Warkum. Hy waard de wichtichste fersprieder fan it yllegale blêd Trouw en wie yn april 1943 ien fan de oprjochters fan de Ried fan Ferset.
Arrestaasje, proses en eksekúsje
bewurkje seksjeOp 23 desimber 1943 waard er troch de Sicherheitsdienst arrestearre yn ‘Ons Huis’. Dat wie in boppeferdjipping oan de Ruysdaelstraat yn Amsterdam dêr't stikem nei de ferbeane stjoerders Radio Oranje en BBC harke waard, wêrnei't it sa opfongen nijs yn it yllegale blêd Radio Londen publisearre waard. In grut tal leden fan de Trouw-groep waard arrestearre. De groep waard nei Kamp Haaren oerbrocht en letter nei Kamp Vught. Op sneon 5 augustus 1944 waarden de fersetsstriders foarlaat by it Polizeistandgericht. Santema en noch 23 fersprieders fan Trouw waarden ta de dea feroardiele. Op 9 augustus waard it fûnis yn de lanlike deiblêden publisearre. Ien fan de feroardielden hie noch straffermindering krigen; de oare fûnissen bleaune hanthavene. Op 9 augustus waarden seis leden fan de groep yn Vught fusillearre; op 10 augustus de oaren, ek Santema.
Neilittenskip
bewurkje seksjeSantema krige nei syn dea it Fersetskrús. Yn de jierren sechtich is nei him in strjitte neamd yn de wyk Lemmerwei-east yn Snits. Bern hied er net. In omkesizzer út Heech publisearre yn 1990 tegearre mei de Snitser ûnderwizer Henk van der Veer in boekje oer syn omke. Yn 2020 ferskynde syn biografy, skreaun troch Peter Bak.
Literatuer
bewurkje seksje- H. van Amstel en A. Booij, De Waag staat in brand. Ljouwert, 1995
- Willem O. Santema en Henk van der Veer, Willem Santema, in fersetsman 1902-1944. Easterein, 1990
- Peter Bak, Door de tralies schijnt de zon. Biografie van Willem Santema 1902-1944. Utjouwerij Bornmeer, 2020
Keppelingen om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|