Jan Lever (Grins, 11 augustus 1922 - Eenum (gemeente Loppersum), of 21 augustus 1944 ) wie boekhâlder by it elektrotechnysk bedriuw fan Willem Santema yn Snits, letter meiwurker fan de Snitser radiosintrale. Hy siet yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset.

Jan Lever

Jan Lever wurke yn de yllegaliteit ûnder de skûlnamme Jan de Boer. Hy siet yn de fersetsgroep Lever, dêr't ûnder oaren ek syn heit Hendrik Jakob Lever sr. (Grins, 16 juny 1891 - Dachau, 8 maart 1945), syn broer Hendrik Jacob Lever jr. (Grins, 26 desimber 1923 - Kamp Vught, 18 augustus 1944), syn suster Meta Lever en Willem Santema byhearden.

De timmerman Willem Stegenga wie al gau anneks mei it wurk fan de groep Lever, lykas Jan de Rapper dy't bedriuwslieder wie fan Willem Santema syn saak oan de Oosterdijk. Ien fan de bekendste Snitser fersetslieders wie de resersjeur Dick J. Brouwer, dy't bekend waard ûnder de skûlnamme 'Bontje'.

De groep Lever ferspriede yllegale blêden - lykas Vrij Nederland en Trouw - en holp joaden oan ûnderdûkadressen. De joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân mei beurtskippen nei Fryslân ta. Tydlik bleaune se dan by de famylje Lever oan it Lytssân oant se in fêst adres krigen. De groep Lever soarge ek foar finansjele stipe fan ûnderdûkers.

Doe't nei de april-maaiestaking fan 1943 de minsken har radiotastellen ynleverje moasten, besocht de groep Lever om op in oare manier ynformaasje te fersprieden. Op 15 juny ferskynde it earste nûmer fan BBC-nijs, in stinsile yllegaal blêd.

Oerfal oan it Lytssân

bewurkje seksje

Yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1943 oerfoel de Sicherheitsdienst (SD) it haadkertier fan de groep Lever. Dat wie it âldershûs oan it Lytssân. Inkelde leden koenen noch krekt útnaaie troch oer de dakken te flechtsjen. Heit Hendrik Jacob Lever sr. waard arrestearre, tegearre mei it joadske famke Rosa IJzerman dat by de Levers ûnderdûkt siet. Se kamen net werom út it konsintraasjekamp.

Deasketten yn in fjoergefjocht

bewurkje seksje

Jan Lever ferliet Snits nei de oerfal en gie nei Drachten ta. Omt de besetters him op it spoar wiene, gie er fierder en sleat him oan by in Grinslanner knokploech. Op 21 augustus 1944 die er mei twa oare fersetsstriders mei oan in oerfal op it distribúsjekantoar fan Slochteren. De amtners en de oanwêzige besikers waarden opsluten. Ien fan harren hie lykwols in reservekaai, dêr't er mei ûntsnapte. Dy persoan alarmearre de Dútske ynstânsjes, dy't de trije oerfallers mei har bút efterhellen op in boerehiem yn Eenum. Dêr ûntstie in fjoergefjocht, dêr't Jan Lever by troffen waard en it libben ferlear.
Meistrider Hendrik de Haan kaam ek om. It tredde lid fan de knokploech, Kornelis Roeters, stoar yn it konsintraasjekamp Sachsenhausen.

Hendrik Jacob Lever jr. foar fjoerpeloton

bewurkje seksje

Broer Hendrik Jacob Lever jr. wie typograaf. Nei de oerfal oan it Lytssân dûkte er ûnder by feehâlder Pieter Reitsma yn Leons. Op 25 maaie 1944 waard Hendrik by in oerfal op de pleats fan Reitsma oansketten en tegearre mei Reitsma arrestearre. Se stoaren foar it fjoerpeloton yn Vught op 18 augustus 1944.

Betinkingsmonumint

bewurkje seksje

Op it Algemiene Begraafplak fan Snits stiet in betinkingspmonumint op it grêf fan de famylje Lever. Yn 1945 skreau de Feriening Fryslân 1940-1945 in priisfraach út foar in Fryske tinkstien. It waard in ûntwerp fan de Amsterdamske arsjitekt Marinus Duintjer mei it motto En de toortsen branden op de terpen. Op de twa meter hege fjouwerkante pylder mei boppeoan in slútstik mei in liuw, stie de spreuk fan J. de Vries fan Balk: Fallen yn 'e striid tsjin ûnrjocht en slavernij - dat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje. Op de stien van de famylje Lever steane de nammen fan heit Hendrik Jacob en syn soannen Jan en Hendrik Jacob. Under de nammen stiet de tekst: Ik heb den goeden strijd gestreden, ik heb den loop geëindigd, ik heb het geloof behouden, voorts is mij weggelegd de kroon der rechtvaardigheid. 2 Timotheüs 4, verzen 7 en 8a.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: