Hendrik Jakob Lever sr.
Hendrik Jakob (Henk) Lever sr. (Grins, 16 juny 1891 - Dachau, 8 maart 1945) wie in Nederlânske fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.
Hendrik Jakob Lever sr. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1891 | |
berteplak | Grins | |
stoarn | 1945 | |
stjerplak | Dachau | |
wurkpaad | ||
aktyf as | Fersetsman | |
reden bekendheid |
Groep Lever |
Lever en de frou krigen trije bern: Jan, Henk en Meta (1918-2024). As jonge jonge wurke Lever yn de boekhannel fan syn heit. Yn 1931 ferfear de hûshâlding mei pake Lever nei Snits, dêr't de heit fan Henk sr. yn 1934 stoar.
Yn de oarloch fersette de húshâlding him tsjin de Dútske besetter. Harren hûs oan it Kleinzand wie it haadkertier fan de Groep Lever, dêr't hast alle gesinsleden part fan wiene.
Yn 1942 waarden Lever sr. en syn soannen arrestearre troch de besetter. Sy sieten in moanne fêst yn de Euterpestraat yn Amsterdam. Nei harren frijlitting setten se harren striid fuort, ûnder mear troch it dwaan fan oerfallen en it fersprieden fan fersetskranten. Ek soargen se foar ûnderdûkadressen foar Joadske flechtelingen.
Yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1943 foel de SD it hûs fan de famylje yn. Lever sr., syn dochter en in ûnderdûkster, Rosa IJzerman, waarden arrestearre. De oaren fan de Groep Lever flechten. Se waarden nei de Blokhûspoarte yn Ljouwert brocht. Dochter Meta kaam nei in pear dagen frij, Lever sr. waard op transport set nei Kamp Vught. Dêrwei waard er nei Dachau transportearre, dêr't er op 8 maart 1945 fan útputting stoar.
Yn oktober 2020 waard in unyk kleurefilmke út 1939 ûntdutsen fan Hendrik Lever. Hy is dêr te sjen as frijwilliger fan de loftwacht fan Snits.
Neitins
bewurkje seksjeYn Snits is op it Algemien Begraafplak in monumint ta oantins fan de famylje Lever stifte op it grêf fan Jan Lever. Yn de Sudertsjerke en yn harren eardere went oan it Lytssân, no part fan it Frysk Skipfeart Museum, hinget in oantinsplakette. De Famylje Leverstrjitte yn Snits is ek nei de famylje ferneamd.
-
Betinkingsmonumint foar de famylje Lever op it Algemien Begraafplak yn Snits.
-
De Famylje Leverstrjitte yn Snits.
-
De plakette ta oantinken fan de famylje Lever yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|