Sudertsjerke (Snits)

De Sudertsjerke wie in tsjerkegebou yn 'e binnenstêd fan 'e stêd Snits.

Sudertsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Rienck Bockemakaai 7
Tsjerklike gegevens
ôfstjitten 2021
Arsjitektuer
arsjitekt J.Ph. Hogendijk, Snits
boujier 1889
Webside
Side gemeente
Kaart
Sudertsjerke (Binnenstêd)
Sudertsjerke

De tsjerke waard yn 1889 nei ûntwerp fan arsjitekt J. Ph. Hogendijk boud foar de Grifformearde tsjerke fan Snits.

Nei't de grifformearden en de herfoarmen yn 'e PKN fusearren, bleau de PKN-gemeente de Sudertsjerke noch in skoft brûken foar bysûndere tsjinsten. Yn 'e tsjerke siet ek it tsjerklik buro fan 'e PKN-gemeente Snits.

Yn novimber 2017 waard bekend dat de doe noch iepen grifformearde tsjerken (de Sudertsjerke en de Eastertsjerke) fan 'e Snitser PKN-gemeente sluten wurde soene.[1] It beslút om de tsjerken de ferkeapjen foel yn 2021. Yn 2022 waard de tsjerke ferkocht en dêrmei hold de PKN yn Snits noch mar ien tsjerke oer: de Martinytsjerke. It jild út de ferkeap fan 'e tsjerken waard brûkt foar in ferbou fan 'e Martinytsjerke.[2]

De Sudertsjerke hat gjin monumintale status, mar falt wol ûnder beskerme stedsgesicht.[3] It is de bedoeling dat de Sudertsjerke ôfbrutsen wurdt om plak te meitsjen foar wenningen.[4]

 
Oargel.

Yn 'e tsjerke stiet in oargel dat yn 1893 boud is troch J. Proper út Kampen. De firma J. Reil út Heerde restaurearre it oargel yn 1951 en wreide it tagelyk út mei in selsstannich pedaal. Lettere restauraasjes folgen yn 1979 en 2001.[5] It oargel waard op 18 july 2021 foar it lêst bespile yn in ôfskiedtsjinst en ferhuze nei demontaaazje nei de âld-katolike tsjerke fan Łódź yn Poalen.[6]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: