Eastertsjerke (Snits)
De Eastertsjerke oan 'e Ljouwerterkaai yn 'e Beammebuert fan Snits waard as de tredde grifformearde tsjerke fan 'e stêd boud.
Eastertsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Snits | |
adres | Ljouwerterkaai 18 | |
koördinaten | 53°02' N 5°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
ôfstjitten | 2023 | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Bastiaan Willem Plooij | |
boujier | 1955 | |
boustyl | weropboustyl | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1954 boud nei in ûntwerp fan B.W. Plooij.
Noch yn 2010 ûndergie de tsjerke in renovaasje. Under mear de net-monumintale preekstoel en de âlderlingebanken ferdwûnen om romte te meitsjen foar in modernere ynrjochting. Ek it portaal waard útwreide.
Nei de fúzje fan 'e grifformearden mei de herfoarmen ta de PKN waard yn 2017 bekend dat de Eastertsjerke mei de Sudertsjerke op termyn sluten wurde soe. Op 18 maaie 2021 hat de tsjerkeried fan 'e PKN bekend makke de twa tsjerken te ferkeapjen. De Eastertsjerke bleau noch oant 2022 yn gebrûk.
De tsjerke wurdt op it stuit (2024) ferboud ta apparteminten.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel is yn 1964 boud door de firma K.B. Blank & Soan (Utert). Yn 1998 waard it ynstrumint útwreide troch de firma Bruorren Reil (Heerde).