Groep Lever

(Trochferwiisd fan Fersetsgroep Lever)

De Groep Lever wie in Nederlânske fersetsgroep yn de tiid fan de Twadde Wrâldoarloch. De fersetsgroep bestie út ûnder oaren:

Oerfal op it hûs fan de famylje Lever
Tekening fan Dick Osinga
Nei de befrijing waard op 30 augustus 1945 yn Snits in betinkingstsjinst organisearre foar de trije omkommen famyljeleden Lever. De oerbleaune leden fan de fersetsgroep giene mei-inoar op de foto, yn de gearstalling fan de groep fan om de befrijing hinne. Der hearde in betinkingsboekje by: Den Vaderlant getrouwe blijf ick tot in den doet, Ter nagedachtenis aan Hendrik Jacob Lever, Jan en Henny Lever.

It haadkertier fan de groep wie yn it hûs fan de famylje Lever oan it Lytssân yn Snits. De Groep Lever ferspriede yn de oarloch yllegale blêden as Vrij Nederland en Trouw. De groep holp ek Joaden oan ûnderdûkadressen. Dy Joaden kamen faak út de grutte stêden yn it westen fan it lân en flechten mei beurtskippen nei Fryslân. Tydlik wienen se dan by de famylje Lever, oant se in fêst skûladres fûn hiene. De Groep Lever soarge boppedat foar de finansjen fan de ûnderdûkers.

Yn 1942 waard Hendrik Jakob Lever sr., mei syn soannen, arrestearre troch de besetter. Nei in moanne finzenisstraf yn de Amsterdamske Euterpestrjitte kamen se frij.

As direkteur fan de Radiosintrale reizge Jan Lever it hiele lân troch en hold sa kontakt mei it ferset yn oare dielen fan Nederlân. Nei de april-maaiestaking waarden radio's ferbean. De Groep stifte de fersetskrante BBC-Nieuws om sa de minsken dochs fan nijs op de hichte te hâlden.

Yn de nacht fan 16 op 17 novimber 1943 die de Sicherheitsdienst in ynfal yn it haadkertier an de Groep Lever. Inkele leden koenen ûntkomme oer de dakken fan oanswettende huzen. Hendrik Jakob Lever sr. en it Joadske famke Rosa IJzerman, dy't ûnderdûkt siet by de famylje, waarden arrestearre. Se ferstoaren yn in konsintraasjekamp.

Jan Lever flechte nei Grinslân, mar kaam by in fjoergefjocht nei in mislearre oerfal op in distribúsjekantoar om it libben. Syn broer Hendrik Jacob Lever jr. dûkte nei de oerfal yn it haadkertier ûnder by feehâlder Pieter Reitsma yn Leons. By in ynfal op de pleats waard er tegearre mei Reitsma arrestearre. Se stoaren foar it fjoerpeloton yn Kamp Vught.

Op it Algemiene Begraafplak yn Snits is in monumint oprjochte foar de famylje Lever. Yn de Sudertsjerke en yn harren eardere wenhûs oan it Lytssân, no ûnderdiel fan it Frysk Skipfeartmuseum, hinget in herinneringsplakette. De Famylje Leverstrjitte is nei him ferneamd.