Molkstaking

(Trochferwiisd fan April-maaiestaking)

De Molkstaking (of April-maaiestaking) wie in wurkstaking yn Fryslân dy't op 30 april 1943 hâlden waard en in reaksje wie op de oankundiging fan de Dútsers dat de Nederlânske militêren dy’t yn maaie 1940 nei de kriichshannelings nei hûs mochten, op ’e nij finzen naam wurde soene. Net earder diene der sa'n soad minsken mei oan in staking. De boeren dy't by de staking wiene leveren gjin molke mear oan it molkfabryk, mar smieten it yn de sleat. Dêrom hat dy staking, dy't op oare plakken yn Nederlân ek wol útbruts, de namme molkestaking krigen. Yn de Mynstreek yn Súd-Limburch waard de staking de Mynstaking neamd en stipe troch de Roomsk-Katolike Tsjerke. De Dútsers makken der op in wrede wize in ein oan: it stânrjocht waard ynfierd en wa't noch trochgie mei staken, koe ôfsketten wurde.

Massagrêf fusillearre fersetsstriders maaiestaking, ûndutsen 1 july 1948
Monumint molkstaking april/maaie 1943, Sumar

Yn it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch, yn maaie 1940 doe't de Dútsers Fryslân besetten, lieten de Friezen de Dútsers meastentiids gewurde. Der wiene wol in pear fersetsgroepen, mar yn 'e regel gie it deistich libben gewoan troch. By bygelyks de Fleanbasis Ljouwert kaam der troch de Dútsers wer wurk en dat wie nei de wurkleazens yn de krisisjierren tige wolkom. Dy hâlding foar de Dútsers oer feroare yn 1943: de fersetsgroepen waarden grutter en joaden en minsken dy't twongen waarden om foar de Dútsers te wurkjen, krigen makliker in ûnderdûkersadres. De fersetsgroepen spilen dan ek in wichtige rol yn 1944 doe't de oerfal op de Blokhûspoarte yn Ljouwert plak fûn. Sûnder in skot te lossen waarden in soad fersetslju frij litten. Ek by de befrijing troch de Kanadezen yn 1945 spilen de fersetsgroepen in grutte rol. Sa hat de molkestaking fan 1943 soarge foar in omkear yn Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch.

De molkestaking fan 1943 is opnommen yn de Kanon fan Fryslân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje