Beurtfeart is frachtfeart dy't oan fergunnings bûn wie en dy't neffens in fêste tsjinstregeling in fêst tal havens oandie. In Fryslân, mei minne ferbindings oer it lân, mar wol mei in soad wetters, wienen skippen in gaadliker ferfiermiddel as weinen en reau. Beurtskippers moasten "op harren beurt" wachtsje mei it laden fan in fracht en "om de beurt" mochten hja ôffarre. Dêrfandinne it begryp 'beurtfeart'. Beurtskippen ferfierden persoanen, fee of guod foar fêste prizen. Ut in tarivenlist fan de beurttsjinst Snits op Amsterdam docht bliken dat yn 1845 foar 3 gûne in ko ferfierd wurde koe; deade einen koenen foar 5 sint it stik mei.

Beurtskip 'Dokkumer Wâlden' yn de Ikkerwâldster Feart

Yn Fryslân hie elts doarp oan it wetter in beurtskipper: der hawwe 323 skippers op Ljouwert fearn. Doe't de frachtwein ferskynde waard dat hurd minder. Yn 1934 wiene der noch 141 tsjinsten op Ljouwert; yn 1937 105; nei de Twadde Wrâldkriich waard it alle jierren minder. Ein 1957 wienen it noch 35, wêrfan 9 tsjinsten fan de Waadeilannen nei Fryslân en 3 op Amsterdam as Rotterdam. Yn de fyftiger jierren wie it ferfier fan grutte ladingen noch fan belang. Yn 1956 gie der noch sa'n 262.000 ton fracht fan en nei Fryslân. Dy beurtfeart waard doe meast al dien troch ûndernimmings bûten Fryslân.

Foarbyld

It beurtskip West-Friesland dat fan 1889 ôf oer de Sudersee út de De Lemmer wei Urk oandie en dêrnei nei Kampen en Swol farde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beurtvaart.

  • Nederlânsktalige Wikipedy, Beurtvaart