Ikkerwâldster Feart

De Ikkerwâldster Feart is in opfeart yn de gemeente Dantumadiel. De feart rint fan de Wâldfeart nei Damwâld. De feart krúst de Lauwersseewei en komt oan de Achterwei yn it eardere Ikkerwâld, neist it âld molkfabriek út.

Beurtskip 'Dokkumer Wâlden' yn de Ikkerwâldsterfeart

De namme Ikkerwâldster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Akkerwoudstervaart.

De Ikkerwâldsterfeart wie mei de Wâldfeart in drokke trochfierrûte fan turf en biten nei Ikkerwâld. De Wâldfeart rûn fan Dokkum nei de Dokkumer Mar, wat tsjintwurdich de Geastmer Mar neamd wurdt, en dêrwei nei de Aldtsjerkstermar mei in sydtakke nei de Eeltsjemar Yn de hjersttiid yn de tritiger jierren wie it meastal in drokte fan komsa by de opslach fan de Ikkerwâldsterfeart. De skippen losten harren fracht, dy't dêrwei mei hynder-en-wein ôffierd waarden.

Om 1880 hinne fear in oerdekt fearskip yn de Ikkerwâldsterfeart. It skip fan 11 ton, mei seil, hie de namme 'Hoop op zegen'. De 'Hoop op zegen' fear fan Ikkerwâld nei Dokkum en Ljouwert. Jan Johannes van der Woude wie de skipper oant 1880 en hie dêrmei ek de helte fan it eigendomsrjocht oer de feart.

In bekende turfskipper wie Fokke Harkes van der Meulen. In soad jierren hat er, en letter syn jongste soan Jacob, it turfferfier fan Drinte nei Ikkerwâld en omkriten fersoarge mei syn skip 'Wâldhulkje'. De ruilferkaveling en it yndamjen fan fearten twong soan Jacob op te hâlden.

Meardere skippen hienen by de Ikkerwâldsterfeart harren thúshaven yn de opslach, lykas it beurtskip fan de Feenstra's. Dat beurtskip foer op Ljouwert. Fierder lei der in frachtskip fan it molkfabryk 'De Dokkumer Wâlden' mei skipper Gosse Fokkens, foar it ferfier fan bûter en tsiis nei Ljouwert. De feart luts ek in soad jongerein. By de opslach 'de twadde hikke' wie in swimplak. Letter wienen der ek swimplakken by de Koarndyk en de Wâldfeart.

Foar 1890 wie de Ikkerwâldsterfeart min te befarren en koenen de skippers mei lijen by it doarp komme. Om de feart breder en djipper te meitsjen wie foar de twa eigeners, skipper Klaas Hoff en winkelman Tabe Johannes Annema, te djoer en sadwaande besochten se it by de gemeente. Yn it foarjier fan 1889 wienen de eigeners reewillich om de feart foar ûnderhâld en behear fergees oan de gemeente ôf te stean. De eigeners fan de lannen oan de feart ferkochten de nedige grûn foar de ferdjipping en ferbreding fan de feart.
Op 2 july 1889 waard besluten om oer te gean ta de útfiering fan dit needsaaklike wurk. It wurk waard gund oan timmerman en oannimmer G. H. Volmer út Dokkum, hy betelle de wurklju lykwols sa min dat der yn augustus in wurkstaking folge. Neidat it wurk mei in wat heger lean fuortset waard, kaam it yn de maaitiid fan 1890 klear.

Nei de ruilferkaveling waard de Koarndyk oanlein om alle lannen om ûnder oare de Ikkerwâldsterfeart berikber te meitsjen. Foar guon minsken hie dit lykwols slimme gefolgen, want troch de oanlis fan de wei kaam der in daam te lizzen yn de feart. Skippers moasten oare thúshavens foar harren skippen sykje en foar de reedriders net ûnbelangryk: der moast tenei klúnd wurde om fanôf de Wâldfeart by Ikkerwâld te kommen.