Eeltsjemar
De Eeltsjemar is in mar fan sa'n 50 hektare yn de gemeente Dantumadiel. De mar leit healwei tusken Readtsjerk en Rinsumageast, mar yn 'e himrik fan Rinsumageast. Yn 1997 hat de gemeente oan de kant fan Rinsumageast in terrein foar dei-rekreaasje oanlizze litten oan de wei Tuskenmarren. It is der simmerdeis drok. Troch de keale omkriten is it in gaadlik wetter om te silen en te kitesurfen. Yn 2006 is der in soad sân út it marke sûge.
Oan de noardkant ferbynt de Ingeloane it Eeltsjemar mei de Wide Moark oer de De Moark.
De namme Eeltsjemar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Eeltjemeer.