Kamp Haaren
Kamp Haaren (Dútsk: Polizei- und Untersuchungsgefängnis Lager Haaren), wie fan 1941 oant en mei 1944 as gizelderskamp en hûs fan bewar yn gebrûk by de SD. It wie festige yn it grutseminaarje Haarendael yn de Nederlânske gemeente Haaren yn de provinsje Noard-Brabân.
Skiednis
bewurkje seksjeDe nazy’s neamden it grutseminaarje Das Sanatorium. Totaal binne der fjouwer kampkommandanten west. Fan 8 desimber 1944 oant 1 febrewaris 1941 hie SS-Obersturmführer (earste luitenant) Heinrich Wacker as SD de lieding oer it kamp. Yn it kamp kamen twa groepen finzenen telâne. Yn alle gefallen waarden 1800 minsken finzen naam foar Untersuchung. Mar in pear fan dy lju binne frijlitten. Fierder wie der in groep fan om de 1400 finzenen dy't fêstsieten foar Grenzübertritt. Dêr wiene fersetslju, piloaten, parasjutisten, útnaaide finzenen en ûnderdûkers ûnder. Boppedat sieten der om de 600 gizelders yn it kamp. Under de groep Grenzübertritt wiene ek tsientallen by it Englandspiel oppakte Nederlânske plysjes. Op 31 augustus 1943 binne twa fan harren (Ben Ubbink en Pieter Dourlein) deryn slagge út kamp Haaren te ûntkommen. Hja koene de Britten warskôgje dat it hiele Nederlânske markonistennetwerk yn Dútse hannen wie.
Op de dei foar Mâle Tiisdei (5 septimber 1944) waard it kamp ûntromme en waarden de finzenen nei Kamp Vught brocht. Gizelders sûnder papieren waarden frijlitten. De 2800 mannen dy't oerbleaune waarden nei konsintraasjekamp Sachsenhausen deportearre; 650 froulju waarden nei Ravensbrück stjoerd. Hoefolle fan dy minsken de oarloch oerlibbe ha is net witten.
Gizelders
bewurkje seksjeDe Dútske besetter tocht mei it fêstsetten fan gizelders it ferset beheine en ôfskrikke te kinnen. De Dútsers pakten manlju op dy't se beskôgen as respektearre lieders yn rûnten dêr't ek fersetslju út rekrutearre wurde koene.
Yn it gebou fan it grutseminaarje yn Haaren sieten tusken 13 juy 1942 en begjin 1943 sa'n 600 min ofte mear bekende Nederlanners. De lettere minister-presidint Jan de Quay, de reder Willem Ruys, de lettere hege Brusselske amtner Max Kohnstamm, de skriuwer Jan Campert, de komponist Hendrik Andriessen, de konsertpianist Willem Andriessen, de gûchelder Henri Nolles, de kabaretier Lou Bandy wiene ûnder de finzenen. Harren wurdfierder wie Jan Goudriaan (presidint-direkteur fan de Nederlânske Spoarwegen).
By de gizelders wiene 150 lieders fan ûndernimmingen, 133 minsken út de frije beroppen, 60 heechleararen, leararen en ûnderwizers, 103 amtners, 60 geastliken, 3 fakbûnslieders en 5 studinten. Op 15 augustus 1942 en op 16 oktober 1942 waarden der 85 gizelders út Haaren fusillearre.
Betinkplak
bewurkje seksjeSûnt 2000 is der yn Haaren it betinkplak 1940-1945 foar it eardere Kamp Haaren, yn de hal foar de kapel fan it eardere ynstitút Haarendael [1]. Neist in plakette, binne der dokuminten, foto’s en foarwerpen te sjen. Fierder is der in brûnzen byld fan in sittende man mei in boek. Op de foet fan dat byld stiet:
“ | Standvastigh is ghebleven, mijn hert in teghenspoed. | ” |
Literatuer
bewurkje seksje- Peter Bak, Een oord van bang wachten. Kamp Haaren 1941-1944. Hilfertsom/Tilburch, 2018.
- Hans Blom, G. von Frijtag Drabbe Künzel, S. Jansens, M. Thissen, De gijzelaars van Sint-Michielsgestel en Haaren: het dubbele gezicht van hun geschiedenis (1992)
- Oorlogsdagboek van Joseph Bukkens. Een dagboek uit de tweede wereldoorlog aangevuld met nieuwe gegevens uit speurtochten langs diverse plaatsen en archieven. [Ede], 2002.
- Gedenkboek Gijzelaarskamp Haaren, De Haach, 1947.
- Max Kohnstamm, Brieven uit 'Hitlers Herrengefängnis', 2005, besoarge yn ynlaat troch Edmond Hofland. Amsterdam, De Bezige Bij.
- Hans Leenderts, Balling. Zes maanden gijzelaar in Haaren. Lochem, [1947].
- Jop Pollmann, 'Laat je je tranen niet op mijn brieven vallen?' Brieven van Jop Pollmann aan Miep Pollmann-Gall geschreven in het gijzelaarskamp in Haaren (N.-B.) tussen 13 juli en 18 december 1942, aangevuld met een paar brieven van Miep en enig ander materiaal. [Z.p.], 2008.
- R.J. Wols, Haaren in oorlogstijd. Haaren, 1995.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |