Fersetskrús
It fersetskrús is nei de Militêre Willems-Oarder en de dêrmei ferbûne Earesabel de heechste Nederlânske ûnderskieding, dy’t bedoeld is foar persoanen dy’t yn de Twadde Wrâldkriich harren dwaande hâlden hawwe mei ferset tsjin de Dútske of Japanske besetting. It fersetskrús moat net betize wurde mei it yn 1980 ynstelde fersetsbetinkingkrús.
It fersetskrús is op 3 maaie 1946 by Keninklik Beslút ynsteld, soks as erkenning fan bysûndere moed en belied tsjin de fijannen fan de Nederlânske saak en foar behâld fan de geastlike frijheid. De ûnderskieding waard 95 kear ferliend, wêrfan 93 kear postúm, meastal oan Nederlanners, mar ek in inkele kear oan Belgen en Frânsen. De ienichste dy’t it fersetskrús by it libben krige wie Gerard Tieman.
Skiednis fan it fersetskrús
bewurkje seksjeIt Nederlânske ferset yn de Twadde Wrâldkriich woe yn 1945 neat witte fan ûnderskiedingen. Minsken woenen net it gefoel hawwe dat se it dienen omdat se idel wiene. It ferset wie yn de kriich libbensgefaarlik west, en it wie ûndwaanlik om ferskil tusken fersetsstriders te meitsjen. Dochs waard in grut oantal Nederlanners dekorearre mei de Britske ‘Kings’s Medal for Courage in the Cause of Freedom', it ‘George Cross’ en de Amerikaanske Medal of Freedom.
Nei de kriich bestie it idee dat it ferset in rol spylje moatte soe yn it Nederlânske bestjoer. Keninginne Wilhelmina spruts oer de fersetsstriders as de nije eallju. De âlde elite hie yn har eagen ôfdien. De fraach kaam op of neist de al besteande Nederlânske militêre ûnderskiedingen lykas de militêre willems-oarder en de Brûnzen Liuw ek in ûnderskieding moast komme foar boargers. It regear frege advys oan in kommisje, de ried foar ûnderskiedingen en earbetoan dy’t op har beurt wer advys frege by de “grutte advyskommisje fan de yllegaliteit en oan de Binnenlânske Striidkrêften. Undertusken krige de ryksmunt al op 28 novimber 1945 de opdracht om in nije ûnderskieding te ûntwerpen.
De fraach fan de regearing waard troch in bepaalde streaming yn it ferset negatyf beoardiele, mar troch de Binnenlânske Striidkrêften waard it posityf besjoen. De regearing wie posityf oer in fersetsûnderskieding foar boargers. Der waard besluten ta in kompromis: it fersetskrús soe allinnich postúm ferliend wurde. Dochs krige ien persoan letter de ûnderskieding doe't er noch libbe en dat wie Gerard Tieman.
Op 7 maaie 1946 waarden de earste fersetskrúsen postúm oan 50 Nederlanners ferliend. De útrikking oan harren famyljeleden barde twa dagen letter yn Paleis op de Daam yn Amsterdam. Op 24 oktober 1946 folgen de earste ûnderskiedingen oan Belgyske en Frânske fersetsstriders. It lêste fersetskrús waard yn 1955 ferliend oan Bernardus IJzerdraat. Yn alle gefallen gie de ûnderskieding mei in persoanlike brief fan Keningin Wilhelmina nei de famylje.
De ûnbekende Joadske soldaat
bewurkje seksjeOp foardracht fan de Nederlânske ambassadeur yn de Feriene Steaten, Mr. Eelco Nicolaas van Kleffens, waard op 17 oktober 1947 in fersetskrús takend oan de ûnbekende Joadske soldaat dy’t yn it Getto fan Warsjau syn libben joech foar de frijheid fan alle folken.
It uterlik fan it fersetskrús
bewurkje seksjeIt fersetskrús is in Latynsk krús fan brûns dat dekt wurdt troch in keningskroan. Op it krús is Sint Joris ôfbyld dy’t fjoerspuiende draak oan syn spear riuwt. Op de earmen binne de wurden “trou oant yn de dea” te lêzen. De efterside fertoant in flamjend swurd mei twa brutsen keatlingen.
Takende fersetskrusen
bewurkje seksjeIt fersetskrús waard ferliend oan:
namme | KB | ||
---|---|---|---|
Herman Jan van Aalderen | sjef seinwezen NS | Swol, 4 oktober 1886 Bergen-Belsen, 31 maaie 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Pieter van As | haltewachter NS | Rotterdam, 25 jannewaris 1899 Amersfoart, 29 desimber 1942 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Markus Assies | amtner | Eaststellingwerf, 26 jannewaris 1919 Overveen, 6 juny 1944 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Jan Jozua Barendsen | Soldaat | Amsterdam, 11 septimber 1882 Apeldoarn, 2 oktober 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Jacobus Andreas Beekman | yngenieur | Delft, 17 augustus 1912 Doart, 8 juny 1945 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Hendrikus Dirk Jan Beernink | Lichtenvoorde, 3 febrewaris 1910 Swol, 8 febrewaris 1945 |
Nr. 58, 25 july 1952 | |
Laurens Rijnhart Beijnen | seefplate-fabrikant | Brummen, 23 septimber 1896 Brummen, 13 april 1945 |
Nr. 10, 22 desimber 1952 |
Cornelia Johanna van den Berg-van der Vlis |
Den Haach, 28 oktober 1892 Vries, 8 septimber 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 | |
Ludovicus Adrianus Bleys | pryster | Tilburg, 17 oktober 1906 Goarkum, 17 augustus 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Gerrit de Boer | skôgen hannel er | Meppel, 26 july 1923 Meppel, 24 desimber 1944 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Arend Andries Bontekoe | kaptein KNYL | Naarden, 13 oktober 1895 Sachsenhausen, 13 jannewaris 1945 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Edzard Jacob Bosch van Rosenthal |
wettergreve | Doardt, 27 maaie 1892 Almen, 2 april 1945 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Dirk Arie van den Bosch | predikant vise- foarsitter NCRV |
Hazerswoude, 23 oktober 1884 Amersfoart, 20 maart 1942 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Iman Jacob van den Bosch | ôfdielingssjef Philips | Grins, 30 maaie 1891 Westerbork, 28 oktober 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Jan Harm Bosch | belestingynspekteur | Nijkerk, 21 juny 1900 Ynskedee, 1 april 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Jacob Carel Julius Baron Brantsen | funksjonaris Nederlânske Reade Krús Parys |
Angerlo, 24 oktober 1877 Buchenwald, 9 desimber 1944 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Arthur Lucien Charroin | Ynspekteur by de Frânske Sureté Nationale |
Saint-Martin-de-Valgalgues, 16 juny 1906 Bergen-Belsen, febrewaris 1945 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Fritz Gerhard Marie Conijn | studint gymnasium | Alkmar, 27 juny 1923 Kamp Vught, 5 septimber 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Marius Crans | yndolooch | Swol, 1 oktober 1917 Batavia, 23 novimber 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Roelof Jan Dam | rektor gymnasium | Barneveld, 18 novimber 1896 Assen, 10 april 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Freerk Datema | bankbetsjinner | Oosterhesselen, 30 april 1922 Assen, 30 desimber 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Karel Hendrik Derkzen van Angeren |
prokuraasjehâlder | Hof van Delft, 2 febrewaris 1903 Keulen, 25 novimber 1943 |
Nr. 1, 22 oktober 1946 |
Hendrik Dienske | Schiedam, 30 juny 1907 Helmstedt, 16 febrewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 | |
Jan Louis Guillaume Doornik | offisier by it Frânske Legioen | Parys, 26 juny 1905 Parys, 29 augustus 1941 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Vital Dreyfus | arts | Besançon, 2 oktober 1901 earne yn de Pyreneeën, desimber 1942 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Nicolas Dupont | gendarme | Kerling, 27 july 1900 Lübeck, 3 maaie 1945 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Franciscus Duwaer | direkteur drukkerij | Amsterdam, 1 jannewaris 1911 Overveen, 10 juny 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Samuel Esmeijer | folontêr/klerk gemeentepolysje | Driebergen, 20 desimber 1920 Apeldoarn, 29 novimber 1944 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Gustaaf Henri Gelder | studint | Batavia, 8 july 1919 De Haach, 21 jannewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Joan Gelderman | advokaat/prokureur | Oldenzaal, 18 novimber 1918 Vught, 4 septimber 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Willem Johannes Gertenbach | drukker/útjouwer | Zandvoort, 14 maart 1904 Soesterberch, 5 febrewaris 1943 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Etienne Albert Giran | pryster | Vauvert, 17 augustus 1871 Buchenwald, 13 septimber 1944 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Oliver Giran | studint | Sèvres, 14 septimber 1920 Angers, 16 april 1943 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Cornelis Hendrik de Groot | amtner EZ | De Haach, 13 oktober 1913 Amsterdam, 8 maart 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Paul Gustave Sidonie Guermonprez | direkteur Alg. Sekretariaat fan de Nederlânske Uny |
Gint, 28 desimber 1908 Overveen, 10 juny 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Albertus Hahn | pianofabrikant | Grins, 12 mei 1885 Neuengamme, 17 febrewaris 1945 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Walraven van Hall | bankier | Amsterdam, 10 febrewaris 1906 Haarlim, 12 febrewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Johan Coenraad Heriold Folmer van Hanxleden Houwert |
keapman | Medemblik, 8 april 1906 Limmen-Uitgeest, 7 jannewaris 1945 |
Nr. 10, 22 desimber 1951 |
Theodore Willem Lodewijk Baron van Heemstra |
haadyngenieur seinwêzen NS | Sassenheim, 27 maart 1883 Sutfen, 31 maart 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Johannes Jacobus Hendrikx | ûnderwizer ULO | Venlo, 17 febrewaris 1917 by transport fan Sachsenhausen nei Neuengamme, febrewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Johannes Louis Hesselberg | studint TH Delft | Madioen, 22 augustus 1919 Kamp Vught, 30 augustus 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Wolter Jacobus Heukels | opsichter PTT | Dimter, 23 juny 1892 Utert, 22 jannewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Izaak van der Horst | notarisklerk | Aarlanderveen, 4 maart 1909 Vught, 4 septimber 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Johannes ter Horst | bakker | Ynskedee, 1 april 1913 Usselo, 23 septimber 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Hendrik Pieter Hos | medysk-analist | Haarlim, 1 desimber 1906 Skeveningen, 11 maaie 1944 |
Nr. 17, 7 maaie1946 |
Jozef Felix Henri Marie Baron van Hövell van Wezeveld en Westerflier |
studint rjochten | Maastricht, 12 jannewaris 1919 Neuengamme, 5 jannewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Bernardus IJzerdraat | learaar/gobelin restaurateur | Haarlim, 13 oktober 1891 Skeveningen, 13 maart 1941 |
Nr. 14, 13 septimber 1955 |
Louis Jansen | fertsjinstwurdiger | Amsterdam, 28 maart 1900 Skeveningen, 9 oktober 1943 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Andries Kalter | gruthanneler yn grienten en jirpels |
Rotterdam, 11 novimber 1904 Swol, 28 maart 1945 |
Nr. 4, 7 desimber 1951 |
Gerrit Willem Kastein | neurolooch | Sutfen, 25 juny 1910 De Haach, 19 febrewaris 1943 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Albert Keuter | doopsgezinde predikant | Bloksyl, 7 jannewaris 1892 Bergen-Belsen, 10 maart 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Taeke Johan Kroeze | studint | Ermelo, 13 april 1920 Apeldoarn, 2 desimber 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Dirk Mara Rijk Hendrik Kroon | elektrotechnikus | De Haach, 27 mei 1909 Limmen-Uitgeest, 7 jannewaris 1945 |
Nr. 10, 22 desimber 1951 |
Helena Theodora Kuipers-Rietberg |
haadbestjoerslid BGV | Winterswyk, 26 maaie 1893 Ravensbrück, 27 desimber 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Arthur Meerwaldt | advokaat/prokureur | Amsterdam, 23 oktober 1918 Escherhausen, 8 jannewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Johannes Antonius Alphonsus Mekel | heechlearaar TH Delft | Bedum, 22 desimber 1891 Sachsenhausen, 2 maaie 1942 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Job Daniël van Melle | boekhâlder | Goes, 26 maaie 1897 Amsterdam, 14 april 1945 |
Nr. 10, 22 desimber 1951 |
Denis Claire Baudouin Mesritz | advokaat | De Haach, 16 novimber 1919 Rathenau, 16 maart 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Marie-Loise Clémentine Meunier | winkelfrou | Genas, 15 febrewaris 1890 Ravensbrück, 25 jannewaris 1945 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Julius Josephus Mohr | direkteur KLM Parys | Haarlim, 1 febrewaris 1893 Buchenwald, 5 febrewaris 1945 |
Nr. 5, 20 maaie 1950 |
Jan Leo Moonen | pryster, sekretaris fan de Biskop fan Roermond |
Heerlen, 31 augustus 1895 Bergen-Belsen, 2 april 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Adrianus Cornelis Nagtegaal | timmerman | Mijdrecht, 22 july 1912 Apeldoarn, 10 jannewaris 1945 |
Nr. 14, 22 desimber 1952 |
Frederik Nieuwenhuijsen | assuradeur | Amsterdam, 3 oktober 1905 Haarlim-Noard, 12 febrewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Bob Oosthoek | akteur/dosint | Rotterdam, 25 juny 1912 by Hengelo, 12 oktober 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Jacobus Oranje | heachlearaar VU Amsterdam | Berkel en Rodenrijs, 27 july 1898 Amsterdam, 6 april 1946 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Tjeerd Pannekoek | haadbestjoerder NCAB politikus |
Kloosterburen, 1 desimber 1886 Mauthausen, 18 desimber 1944 |
Nr. ?, ? |
Johannes Post | lânbouwer | Hollandscheveld, 4 oktober 1906 Overveen, 16 july 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Albert Jan Rozeman | amtner gemeente Hoogeveen | Saandyk, 29 maart 1914 Overveen, 6 juny 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Victor Henri Rutgers | heechlearaar VU Amsterdam ARP-politikus |
De Bosk, 16 desimber 1877 Bochum, 5 febrewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Frits Rudolf Ruys | studint ekonomy | Rotterdam, 23 desimber 1917 Rotterdam, 3 novimber 1944 |
Nr. 14, 22 desimber 1952 |
Willem Santema | winkelier | Skearnegoutum, 2 maart 1902 Kamp Vught, 10 augustus 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Jannetje Johanna Schaft | studinte rjochten UfA | Haarlim, 16 septimber 1920 Bloemendaal, 17 april 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Jonkhear Johan Schimmelpenninck | direkteur wynhandel | Rhenen, 30 septimber 1887 Amersfoart, 29 juli 1943 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Richard Leonard Arnold Schoemaker | heachlearaar TH Delft | Roermond, 5 oktober 1886 Sachsenhausen, 3 maaie 1942 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Geert Schoonman | soldaat | Wormerveer, 31 augustus 1917 Fleanfjild Twinte, 13 oktober 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
Willem Pieter Speelman | studint VU Amsterdam | Vlagtwedde, 20 jannewaris 1919 Halfweg, 19 febrewaris 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Marinus van der Stoep | bedriuwslieder | Beesd, 27 septimber 1917 Rotterdam, 9 april 1945 |
Nr. 14, 16 desimber 1952 |
Benjamin Marius Telders | heachlearaar RU Leien | De Haach, 19 maart 1903 Bergen-Belsen, 6 april 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Antonius Otto Hermannus Tellegen | direkteur GGD Zeist | Swol, 25 mei 1907 Overveen, 23 oktober 1943 |
Nr. 10, 22 desimber 1951 |
Oltman Reinder Thomsen | assistint -opsichter NS | Ljouwert, 5 novimber 1910 Heveskes, 28 april 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Gerard Tieman (as inige net- postúm) |
studint analistenskoalle | Amsterdam, 1 maart 1926 | Nr. 5, 9 july 1946 |
Titus Willem de Tourton Bruyns |
ynspekteur fan de Domeinen | Teteringen, 14 mei 1898 Buchenwald, 6 april 1943 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Leendert Marinus Valstar | túnker | Naaldwijk, 10 augustus 1908 Vught, 4 septimber 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Gerrit Jan van der Veen | byldhouwer | Amsterdam, 26 novimber 1902 Overveen, 10 juny 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
David Verloop | studint rjochten RU Utrecht | Utert, 8 jannewaris 1921 Brussel, 7 maart 1944 |
Nr. 1, 22 oktober 1946 |
Mathilde Adrienne Eugénie Verspyck | Semarang, 16 juny 1908 Ravensbrück, 11 febrewaris 1945 |
Nr. 1, 22 oktober 1946 | |
Pierre Marie Robert Versteegh | offisiers Keninklike Marresjesee | Kedoengbanten, 6 juny 1888 Sachsenhausen, 3 maaie 1942 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Cornelis Vlot | haadbestjoerslid NJV | Koudekerke, 29 novimber 1906 Haarlim, 26 oktober 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Gabrielle Weidner | Brussel, 17 augustus 1914 Frankfurt a/d Oder, 15 febrewaris 1945 |
Nr. 1, 23 maaie 1950 | |
Johan Hendrik Westerveld | bedriuwslieder | Haarlim, 21 augustus 1880 Sachsenhausen, 3 maaie 1942 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Herman Bernard Wiardi Beckman |
haadredakteur deiblêden Arbeiderspers, SDAP-politikus |
Nymwegen, 4 febrewarris 1904 Dachau, 15 maart 1945 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Johannes Wilhelmus Wildschut | amtner | Den Bosch, 28 novimber 1913 Leonberg, 31 jannewaris 1945 |
Nr. 14,16 desimber 1952 |
Johan Reinier Ernest Wüthrich | direkteur hannelsbedriuw | Coevoerden, 9 desimber 1903 Haarlim, 26 oktober 1944 |
Nr. 17, 7 maaie 1946 |
Lammert Zwanenburg | lânbouwer | Aldhoarne gem. Skoatterlân, 22 juny 1894 Kamp Westerbork, 19 oktober 1944 |
Nr. 58, 25 july 1952 |
De ûnbekende Joadske Soldaat dy’t “yn het Getto fan Warsjau har libben joech foar de frijheid fan alle folken” | Nr. ?, 17 oktober 1947 |