Slachtetille

De Slachtetille is in ferbining foar fuotgongers, dy't noard fan Frjentsjer de rykswei A31 fan Ljouwert nei Harns oerspant.[1][2][3] Dêrby ferbynt dizze brêge (eins in lyts fiadukt) ter hichte fan 'e buorskip Getswertersyl[1] twa kuierpaden dy't diel útmeitsje fan 'e rûte fan 'e Slachtemaraton.[1][2][3]

Slachtetille
bouwurk
20191007 Slachtetille over de A31.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
plak Flagge fan Frjentsjer.PNG Frjentsjer
koördinaten 53°11′48″ N 5°30′37″ E
bysûnderheden
type bouwurk brêge (eins fiadukt)
subtype tuibrêge
boujier 2008
arsjitekt Rein Hofstra
oerbrêget A31
kaart
Slachtetille (Frjentsjer)
Slachtetille

SkiednisBewurkje

By de earste beide edysjes fan 'e Slachtemaraton, yn 2000 en 2004, moasten de dielnimmers boppe Frjentsjer omrinne om 'e A31 oerstekke te kinnen. Foar de edysje fan 2008 krige de Grouster arsjitekt Rein Hofstra fan 'e doetiidske gemeente Frjentsjerteradiel opdracht om in brêge oer de rykswei te ûntwerpen, sadat de kuierders de eksakte rûte fan 'e âlde Slachtedyk tusken Easterbierrum en Easterwierrum folgje koene.[1]

 
De Slachtetille by sinne-opgong.

De ranke Slachtetille, mei 20 m hege pyloanen en tuibôgen,[1][2] waard yn 2008 teplak set[1][2] en wie sûnt in tige yn it each springend ferskynsel foar it ferkear op 'e A31.[1] Tusken 2008 en 2019 makken nei skatting 60.000 kuierders fan 'e brêge gebrûk, wêrby't it foar it meastepart om dielnimmers oan 'e Slachtemaratons fan 2008, 2012 en 2016 gie.[1]

Op 10 novimber 2019 waard de rykswei moarns ier ôfsletten om it gefaarte yn dielen fan syn plak te takeljen.[1][2][3] De dielen waarden dêrnei foar in heechnedige ûnderhâldsbeurt[1][2][3] ûnder hannen nommen troch it Harnzer bedriuw Koninklijke Oosterhof Holman.[2] Op 29 maart 2020 waard de brêge wer werom op syn plak set.[4]

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 1,9 Pennewaard, Koen, Slachtebrug brengt 'bezoekje' aan de tandarts, yn: de Ljouwerter Krante, 11 novimber 2019, s. 18-19.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 ——, Slachtetille in onderhoud, yn: de Frjentsjerter Krante, 13 novimber 2019, s. 3.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 ——, Wandelbrug Slachtetille weggetild, yn: van Wad tot Stad, 12 novimber 2019, s. 1.
  4. ——, De Slachtetille terug op zijn plek, yn: de Ljouwerter Krante, 30 maart 2020, s. 22.