Hitsumer Hichte
De Hitsumer Hichte is in brêge foar fytsers (eins in fiadukt) oer de N384, drekt súdlik fan 'e Fryske stêd Frjentsjer. It is in tuibrêge, dy't yn 2009 tagelyk mei de súdlike rûnwei om Frjentsjer hinne oanlein waard, sadat it Binnenpaad fan Frjentsjer nei it doarp Hitsum ek nei it trochlûken fan 'e N384 begeanber bleau.
Hitsumer Hichte | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
koördinaten | 53°10′29″ N 5°32′0″ E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | brêge | |
subtype | fiadukt | |
boujier | 2009 | |
oerbrêget | N384 | |
wei of spoar | Binnenpaad | |
kaart | ||
De Hitsumer Hichte waard op 6 oktober 2009 iepene troch boargemaster Marian Haveman fan Frjentsjerteradiel. De namme fan 'e brêge, dy't ûnderwerp west hie fan in troch de gemeente útskreaune priisfraach, waard doe ek bekend makke. Winneressen wiene frou L. Velzema-Kuperus út Tsjummearum en frou T. Brandsma út Harns, wa harren idee oft út yn totaal 148 ynstjoerings keazen wie.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |