Tristan Bangma (Drachten, 6 oktober 1997) is in Frysk hurdfytser op 'e dyk en (fral) op 'e baan, dy't útkomt op 'e tandem as efterrider ('stoker'). Hy hat in fisuële beheining en kin tige min sjen. Hy hat û.m. op it Nederlânsk kampioenskip fjouwer goudene medaljes wûn en op it wrâldkampioenskip trije sulverne medaljes. Yn 2016 behelle er fierders in earste plak op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro, en yn 2021 behelle er in gouden en in sulveren medalje op 'e Paralympyske Spullen yn Tokio.

Tristan Bangma
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tristan Bangma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 oktober 1997
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport hurdfytsen
ûnderdiel baanhurdfytsen,
dykhurdfytsen
P.S. Rio de Janeiro 2016
Tokio 2020 (2021)
debút 2012
wichtige prestaasjes
2x goud Paralympyske Spullen 2016, 2020
1x sulver Paralympyske Spullen 2020
3x goud WK dyk 2022, 2023
1x goud WK baan 2023
1x sulver WK baan 2022
2x goud EK baan 2023

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Bangma waard yn 1997 berne yn Drachten. Nei syn basisskoaltiid behelle er in MAVO-diploma oan it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde. Dêrnei folge er in oplieding bedriuwsadministraasje. Doe't er tsien jier wie, waard by in eachhielkundich ûndersyk fêststeld dat Bangma syn gesichtsfermogen sa min wurden wie, dat er foar minsjend oanmurken wurde koe. Nei fierder ûndersyk waard úteinlik de diagnoaze fan 'e eachsykte optikusatrofy steld. Op dat stuit hie Bangma noch in gesichtsfermogen fan likernôch 25%.

Sportkarriêre

bewurkje seksje

Neitiid stapte Bangma oer fan kuorbaljen op tandemhurdfytsen. Nei in pear jier mei syn heit riden te hawwe, waard er yn oktober 2012 'ûntdutsen' op 'e Paralympyske Talintedei fan 'e sportkoepel NOC*NSF. Dêrop skreau er him yn by de hurdfytsferiening Drachten en waard opnommen yn 'e nasjonale seleksje fan it oanpaste hurdfytsen. Ein 2012 ried er op it Nederlânsk kampioenskip baanhurdfytsen te Apeldoarn syn earste wedstryd.

2013 wie Bangma syn earste folle jier as hurdfytser, en doe wied er daliks tige súksesfol. Behalven as baanhurdfytser wied er ek as dykhurdfytser aktyf. Dêrby wûn er de twadde etappe fan 'e Omgong fan Poalen, waard er twadde yn it einklassemint fan dy hurdfytstocht en behelle er in sulverne medalje op it NK yn Bornebroek. Op it NK baanhurdfytsen waard er yn desimber fan dat jier tegearre mei syn piloat Patrick Bos Nederlânsk kampioen op 'e sprint, en dêropta behellen se it twadde plak op sawol de 1 km tiidrit as de 4 km efterfolging.

Ek yn 2014 kaam Bangma noch út op 'e dyk, wêrby't er de fjirde etappe yn 'e Omgong fan Belgje wûn en sulver behelle op it NK yn Bocholtz. Datselde jiers wûn er twa gouden medaljes (sprint en 1 km tiidrit) en in brûnzene medalje (4 km efterfolging) op it NK yn Apeldoarn. Ek behelle er op it Jeropeesk kampioenskip yn it Dútske Cottbus goud op 'e 4 km efterfolging, sulver op 'e sprint en brûns op 'e 1 km tiidrit. Nei 2014 besleat Bangma en lis him yn it ferfolch allinnich noch mar ta op it baanhurdfytsen. Tegearre mei piloat en âld-Olympiër Teun Mulder spesjalisearre er him op it ûnderdiel 1 km tiidrit.

Yn 2015 behelle it duo Bangma/Mulder in trêde plak op 'e sprint en in twadde plak op 'e 1 km tiidrit op it EK yn Cottbus en persiis deselde prizen op it WK yn Apeldoarn. Yn 2016 folge goud op it NK oanpast hurdfytsen en twa kear sulver op it WK yn it Italjaanske Montichiari, op 'e ûnderdielen sprint en 1 km tiidrit. Op 11 septimber fan dat jier waard Bangma syn ynset op 'e Paralympyske Spullen yn Rio de Janeiro bekroane mei in gouden medalje op it ûnderdiel 1000 m tiidrit (manlju B). Op 15 febrewaris 2017 waard Bangma útroppen ta Frysk Paralympysk sportman fan it jier 2016.[1]

Yn septimber 2019 wûn Bangma op 'e tandem mei syn 'stoker' Patrick Bos by it WK parahurdfytsen op 'e dyk yn Emmen de goudene medalje, foàr hurdfytsers út Spanje en Poalen. It wie Bangma syn earste wrâldtitel en hy wie sa grutsk as in pau mei syn reinbôgetrui.[2]

op 25 augustus 2021 behele Bangma mei syn 'stoker' Patrick Bos op de Paralympyske Simmerspullen 2020 yn it Japanske Tokio in gouden medalje op it ûnderdiel 4 km efterfolging en in sulveren medalje op it ûnderdiel weirace.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lolkema, Renze, Vier sportvrouwen van het jaar, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2017, s. 2.
  2. Meeren, Peter van der, Koningshuis: 'hotline' met Friese kampioenen, yn: de Ljouwerter Krante, 16 septimber 2019, s. 3.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: nl:Tristan_Bangma.