Sjitsport op de Paralympyske Simmerspullen

Sjitsport is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean.

Klasifikaasje Bewurkje

Troch it klasifikaasjesysteem kinne sjitters mei ferskeidene beheinings tegearre stride, itsij yndividueel, itsij yn teams. Ofhinklik fan de beheinings wurde de sjitters sûnt de Spullen fan Barselona yn 1992 yn trije kategoryen yndield;

  • SH1: sjitters dy’t gjin artifisjele wapensteun nedich hawwe.
  • SH2: sjitters dy't in wapensteun nedich hawwe, omdat se net by staat binne om it gewicht fan in wapen te tôgjen.
  • SH3: sjitters mei in fisuele beheining. (sûnt de Spullen fan 2000 net mear aktyf op de Paralympyske Spullen)

ûnderdielen Bewurkje

Op de Spullen binne der ûnderdielen foar luchtgewearen en foar pistoalen. Ek binne der trije ferskillende ôfstannen; 10, 25 en 50 meter. De regels fariearje per geweartype, de ôfstân, de sjithâlding, it oantal skotten en de tiidslimyt. Der wurdt op in fêst doel sketten.

Skiednis Bewurkje

De sjitsport stiet sûnt 1976 yn Toronto op it Paralympyske programma. Fjouwer jier letter tidens de Spullen fan 1980 yn Arnhim diene de froulju foar it earst mei en wiene der mingde ûnderdielen.

Sjoch ek Bewurkje

Keppeling om utens Bewurkje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje


 
Sjitsport op de Paralympyske Simmerspullen
Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020
wizigje