Atletyk op de Paralympyske Simmerspullen

Atletyk is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. De sport is tagonklik foar sporters mei in lichaamlike beheining.

Atletyk stiet sûnt de earste Paralympyske Spullen (1960) op it programma. By de earste edysje waard er sporten yn 5 dissiplines yn 3 klassen. Yn 2008 wiene der alve dissiplines by de Manlju en sân by de Froulju.

It is atleten tastien om spesifike helpmiddels te brûken. Dy moatte dan wol foldwaan oan de easken dy’t troch it YPK steld binne.

  • Wheeler Rolstoel; Spesjale race-rolstuollen wurde brûkt foar de rinûnderdielen
  • Protezen; fuotprotezes binne by de baanûnderdielen ferplichte, by de fjildûnderdielen opsjoneel.
  • Tou wurdt brûkt om de fisueel beheinde rinners fêst te meitsjen oan har foarrinner by de rinûnderdielen.
  • Akoestyske helpmiddels as in assistint binne tastien foar fisueel beheinde atleten ter yndikaasje fan de ôfsetlokaasje by de springûnderdielen en de smytsône by de smytûnderdielen.

Klasifikaasje

bewurkje seksje

Sporters wurde klassifisearre ôfhinklik fan har funksjonele mooglikheden om in bepaalde slach út te fieren. Dat klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining mei inoar stride kinne.

De hjoeddeistige klassifikaasje is sûnt Sydney 2000 as folgjende yndield:

De klassen wurde sûnt Atlanta 1996 foarôfgien troch in letter "T" (baan), "F" (field) as "P" (mearkamp).

Der binne op de Paralympyske Simmerspullen by it Atletyk troch de jierren hinne ferskeidene en somtiden bysûndere dissiplines beoefene. Hjoed de dei binne de dissiplines gelyk oan dy fan de reguliere Atletyk.

1960 1964 1968 1972 1976 1980 1984 1988 1992 1996 2000 2004 2008 2012
Cross Country X X
Diskussmite X X X X X X X X X X X X
Estafette X X X X X X X X X X X
Fierspringe X X X X X X X X X
Fiifkamp X X X X X X X X X X X X X
Fuotbal Ôfstân X
Hurdrinne X X X X X X X X X
Hink-stap-springe X X X X X X X X
Heechspringe X X X X X X X X X
Kegelsmite X X X X X X X X X X X X
Kûgelstjitte X X X X X X X X X X X X X
Kening fan de sprint X
Maraton X X X X X X X
Medisynbal smite X
ôfstânssmite X X
Presyzje Kegelsmite X
Presyzje Spearsmite X X X X
Presyzje Fuotbal X
Presyzje smite X X
Rolstoel Estafette* X
Slachbal X
Slalom X X X X X X X
Spearsmite X X X X X X X X X X X X X
Wheelen* X X X

*Sûnt 1968 heart de dissipline Rolstoel Estafette binnen de dissipline estafette, en sûnt 1976 heart de dissipline wheelen binnen de rindissiplines: Hurdrinne en maraton. Tsjintwurdich bekend as de klassen 51 t/m 54.

Keppeling op utens

bewurkje seksje


Sport op de Paralympyske Simmerspullen
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen
wizigje


 
Atletyk op de Paralympyske Simmerspullen
Rome 1960 | Tokio 1964 | Tel Aviv 1968 | Heidelberch 1972 | Toronto 1976 | Arnhim 1980 | New York en Stoke Mandeville 1984 | Seoel 1988 | Barcelona 1992 | Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 |
wizigje